De Houtigehage

De Houtigehage is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeast fan Drachten. It doarp hat likernôch 910 ynwenners, mei in basisskoalle IBS De Wiksel, in kroech en in itersstee. Der lizze twa buorskippen tichtby: Luchtenveld en Fianen.

De Houtigehage
De Houtigehage út noardeastlike rjochting wei sjoen
De Houtigehage út noardeastlike rjochting wei sjoen
Emblemen
Flagge fan Houtigehage.gif               Wapen fan Houtigehage.jpg
Sifers
Ynwennertal 900 (2021)[1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Smallingerland flag.svg Smellingerlân
Oar
Postkoade 9223
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' NB, 6° 9' EL
Kaart
De Houtigehage (Fryslân)
De Houtigehage
Lizzing fan De Houtigehage yn Fryslân
Kaart
De Houtigehage út noardeastlike rjochting wei sjoen
Himrik fan De Houtigehage yn de gemeente Smellingerlân
Houtigehage
Earste sosjale wenningbou (1909) yn Houtigehage, no museum

Oan de earste helte fan de 18e iuw ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning.
Nei de Twadde Wrâldoarloch stie it doarp bekend as in kommunistysk bolwurk. De tsjerkedoarpen der omhinne wiene faak wat riker. Der wie in soad earmoede en der waarden wurkferskaffingsprojekten opsetten. Begjin jierren fyftich wie de wurkleazens hast 30% en sa'n sechtich wurkleazen gie út protest oan it wurk. Se begûnen fannijs in ûnbegeanber paad oan te lizzen. De VPRO hat der yn 2007 in programma oan wijd.

Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp Rottefalle. Johannes Antonie Visscher, dûmny yn it begjin fan de 20e iuw, wie begien mei it lot fan De Houtigehage, publisearre oer de arme Friesche heide en hat in soad dien foar de fierdere lânoanmakkerij. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten wienen. Ien fan dy huzen, Skoallewijk 10, is no ta in museum fan emansipaasje en galery ynrjochte.

MienskipBewurkje

Oan De Buorren stiet it doarpshûs 'De Huchte', dêr't de feriening foar Doarpsbelang gearkomt. Op de Fryske Dei wienen tema's as Fryske Beikedei, Bûter, brea en griene tsiis. "It Wâldhúske" út 1908 is ek faak ûnderdiel fan it program. Elk jier wurdt der in grut feest hâlden: in piratefeest mei Nederlânsktalige muzyk en der wurdt om de trije jier in grutte optocht mei fersierde weinen hâlden.

TsjerkeBewurkje

FerieningsBewurkje

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Boelenswei, Buorren, De Linebeammen, De Pikstiennen, De Skieding, Ds. De Visscherwei, Dúnoardswei, Dwerstakke, Fabryksloane, Fianen, Folgersterloane, It Grien, Klompmakkerspaad, Luchtenveld, Michielsreed, Nije Streek, Parkenwyk, Skoallewyk, Spitsbergen, Wâldstrjitte, Wytse Peetswei.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Houtigehage fan Wikimedia Commons.
 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren