Goaiïngahuzen
Goaiïngahuzen is in doarp yn de westpunt fan de gemeente Smellingerlân.
Goaiïngahuzen | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 55 (2021 ) [1] |
Polityk | |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Webside | FB-side Goaiïngahuzen |
LokaasjeBewurkje
Goaiïngahuzen waard yn 1573 'Gonyehuisen' neamd. De plaknamme ferwiist mooglik nei in delsetting fan hûzen dy't stifte wie troch it Goinga-skaai. Foar safier bekend bestie Goaiïngahuzen altiten al út wat hûzen en pleatsen sûnder kearn. Yn de 19e iuw wie it in buorskip fan Boarnburgum. Yn 1955 krige Goaiïngahuzen dochs de status fan doarp.[2]
Yn de omkriten lizze de natuergebieten De Kobbekoai, neamd nei de kobben dy't dêr in soad binne, en it Unlân fan Jelsma. It is yn behear by It Fryske Gea en allinnich op oanfraach tagonklik.
Goaiïngahuzen hat in pear lytse kempings.
Kop-hals-romppleatsBewurkje
Oan de Peansterdyk stiet in yn 1883 boude kop-hals-romppleats, nei't in brân de oarspronklike pleats yn de jiske lein hie. Op dit stee stie al in pleats sûnt de 16e iuw of earder al in hoarnleger. Dit boerehiem hearde by it kleaster "Smelne". Under it gemeentlike monumint sit in grutte molkenkelder ûnder it foarhûs. Eartiids hie de pleats in reidtek. De keldersfinsters mei bopperamen hawwe noch bûgde roeden.
SpinnekopmûnenBewurkje
Oan de Peansterdyk stiet 'De Jansmûne' (De Modden), in spinnekopmûne, dy't earder de polder Van der Veer drûchmealle moast. Wat fierderop oan de dyk steane de mûnen 'Heechhiem', dy't Polder De Boer meallet, en 'De Modderige Bol', dy't Polder Adamse bemealle. Op It Eilân stiet de fjirde spinnekop fan de Goaiïngahuzen, de 'Roekmûne', de grutste spinnekopmûne fan Fryslân.
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 107 | 142 | 127 | 96 | 70 | 64 | 55 |
StrjittenBewurkje
It Eilân, Kobbewei, Peansterdyk, Swettewei.
Sjoch ekBewurkje
Keppelings om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Haadplak: Drachten | |
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | |
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren |