Haadmenu iepenje

Eibertsgeasten is in buorskip ûnder Nyegea yn de gemeente Smellingerlân. Hy leit yn it suden fan de himrik, súdeastlik fan Aldegea en súdwestlik fan De Pein yn de polder Nijegeaster Finnen. East fan Eibertsgeasten leit de haven en suveringsynstallaasje fan Drachten.

Yn 1943 binne yn in grêfhichte by Eibertsgeasten oerbliuwsels fan de Steanfoetbekerkultuer út de Brûnstiid fûn.