De Modderige Bol
De Modderige Bol by Goaiïngahuzen yn Smellingerlân, ferneamd nei it wetter de Modderige Bol, is in poldermole fan it type spinnekop. It is in ryksmonumint út 1848 (of mooglik earder). De mole is sûnt 1978 eigendom fan Stifting De Fryske Mole. Foarhinne bemealde de mole de polder Adamse; tsjitwurdich hat de mole gjin funksje mear en mealt wetter yn in sirkwy rûn.
De Modderige Bol stiet by in camping. Der stean trije moles yn Goaiïngahuzen. De aoare beide binne de De Jansmole, dy't 100 meter eastliker stiet, en de mole Heechhiem, dy't in kilometer westliker stiet.