De VVV (in Nederlânsktalige ôfkoarting foar Vereniging voor Vreemdelingenverkeer, "Feriening foar Frjemdlingeferkear") is in Nederlânske organisaasje dy't him taleit op it oanfiterjen en fasilitearjen fan toerisme en rekreaasje. De regionale ôfdieling fan 'e VVV foar de provinsje Fryslân is VVV Fryslân.

VVV
(Vereniging voor Vreemdelingenverkeer)
De VVV-fêstiging yn Haarlim.
De VVV-fêstiging yn Haarlim.
algemiene ynformaasje
ôfkoarting VVV
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd oanfitering fan toerisme
haadkertier Amsterdam
oprjochte 1885
offisjele webside
www.vvv.nl
Dizze side giet oer de organisaasje ta promoasje fan toerisme. Foar oare betsjuttings, sjoch: VVV (betsjuttingsside).
De VVV-fêstiging foar it Sintraal Stasjon oer yn Amsterdam.

Organisaasje bewurkje seksje

De VVV bestiet út in lanlike koepelorganisaasje, VVV Nederlân, dêr't pleatslike en regionale VVV's, lykas VVV Fryslân, by oansletten binne. Dy pleatslike of regionale buro's binne gearwurkingsferbannen fan pleatslike of regionale rekreaasjebedriuwen en -ynstânsjes, dy't bedoeld binne om safolle mooglik toeristen en rekreänten nei harren stêd of streek te lokjen. De VVV wurdt finansierd de ferkeap fan saken dy't toerisme en rekreaasje fasilitearje, lykas lânkaarten, plattegrûnen, reisgidsen, kadobonnen en sûvenirs. Dêrnjonken drage sawol de dielnimmende bedriuwen as de fertsjintwurdige gemeenten finansjeel by oan 'e aktiviteiten fan 'e VVV.

Skiednis bewurkje seksje

It earste VVV-buro waard yn Nederlân yn 1885 oprjochte yn Falkenburch oan de Geul, yn Súd-Limburch. Yn 1910 bestiene der yn it hiele lân al 88 ôfdielings fan 'e VVV, wêrby't yn totaal 429 fêstigings oansletten wiene. Dêrnjonken wiene der ek noch 11 regionale buro's. De hiele organisaasje waard doe draaiende holden troch 1.300 wurknimmers en 1.000 frijwilligers.

Oare lannen bewurkje seksje

Yn oare lannen besteane soartgelikense organisaasjes as de VVV. Sa wurdt yn Flaanderen deselde rol ferfolle troch Toerisme Flaanderen, en hat Dútslân it Verkehrsamt.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: