Allard Schuilinga

Aaldert Jan Schuilenga (Surhústerfean, 18 oktober 1943 - Drachten, 2 novimber 2020) wie in Nederlânske CDA-politikus.

Hy wie in soan fan in fabrikant fan ytbere waar en gie nei de kweekskoalle yn Drachten. Ynearsten gie er oan it wurk by snobbersguodfabryk Fortuin yn Dokkum; letter rekke er belutsen by it kluphûswurk op De Harkema en omkriten.
Schuilenga waard dosint op in lbo-skoalle yn Delfsyl. Yn dat plak waard er om 1982 hinne polityk aktyf en is er jierren wethâlder west. Op 1 oktober 1993 folge syn beneaming ta boargemaster fan Boalsert. Hy krewearre dêr foar it oanheljen fan nije bedriuwen nei it sluten fan de suvelskoalle dêre en wie foarstanner fan it brûken fan it Frysk.[1] Nei in pear lichte harsensynfarkten joech er dy funksje ein 2001 earder oer en waard der in waarnimmend boargemaster beneamd. Yn april 2003 kaam der formeel in ein oan syn boargemasterwêzen.

Schuilinga stoar yn de âldens fan 77 jier yn Drachten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Leeuwarder Courant, 7 septimber 1993
  1. Voormalig burgemeester Schuilinga overleden; Frysk Deiblêd, 16 novimber 2020