Fortuin (snobbersguodfabrikant)

Fortuin Dockum b.v. is in Nederlânske snobbersguodfabrikant, festige yn Dokkum.

Reklame foar W.H.F Pepermunt út 1920
Reklamespjeldsje yn 'e foarm fan in iisbonbonferpakking

Willem Hendrik Fortuin fan De Lemmer festige him yn 1842 yn Dokkum as banketbakker. Nei ferrin fan jierren ûntjoech dat bedriuw him ta de lúkse sûkerwurkfabryk fan 1888. It bekendste merk fan Fortuin is de Fortuin DF Pepermunt, de saneamde Ingelske pipermunt. In ferzje dêrfan is de ferneamde Wilhelmina Pipermunt. Dy pipermunt út 1892 wie in huldeblyk oan prinsesse Wilhelmina, dy't dat jier tolve jier waard. Fortuin bestie doe fyftich jier. Keninginne-dûairiêre Emma waard it earste kistke oanbean, wat yn 1896 it predikaat hofleveransier opsmiet.

Keppeling om utens

bewurkje seksje