Lorentzslûzen
De Lorentzslûzen is in slûzekompleks yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. De bouwurken binne wichtich foar it peil op de Iselmar en de skipfeart fan en nei de Waadsee.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Lorentzslûzen binne neamd nei de natuerkundige Hendrik Lorentz. Syn presyzjeberekkeningen leine it oankomstplak fan de Ofslútdyk yn Fryslân by Surch ynstee fan Piaam, om it stoarmgefaar te ferlytsjen.
It kompleks waard boud yn 1931-1933 yn funksjonalistyske styl neffens ûnwerp fan Dirk Roosenburg yn gearwurking mei Bureau Zuiderzeewerken.[1] It slûzekompleks waard nei it reekommen fan de Ofslútdyk yn gebrûk nomd. By Den Oever binne de Stevinslûzen.
It kompleks bestiet út:
- Spuislûzen. Twa bouwurken mei elk fiif spuikokers dy't it wetter losje fan de Iselmar op de Waadsee.
- Skutslûzen. In grutte en in lytse skutslûs dy't beëasten lizze fan de spuislûzen. Fan de skutslûzen makket de skipfeart tusken de Waadsee en de Iselmar gebrûk.
It slûzekompleks is ryksmonumint.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|