Slûs

(Trochferwiisd fan Spuislûs)

In slûs is in ynstallaasje om oerflaktewetter yn ien rjochting tsjin te hâlden. It wurdt is besibbe oan it tiidwurd sipelje, wat ‘trochlitten fan wetter’ betsjut.

Dokkumer Nije Silen.
Lofts in holle beamstam (pomp), rjochts in ienfâldige slûs.

Fan oarsprong is in slûs neat oars as in weromslachklep yn in wetter (sjoch ek: pomp), dy’t iependrukt wurdt as it wetter fan ien kant streamt, as ticht as it fan de oare kant komt. Sa'n soarte slûs hjit ek wol in syl In foarbyld dêrfan wie de Jirnsummersyl.

Lettere slûzen krigen ek oare funksjes. Sa wurde silen brûkt om feartwetter op nivo te hâlden. Sa'n slûs, in kearslûs, kin ek iepen set wurde, by lykwetter, wêrtroch skippen troch de slûs komme kinne. Foarbylden dêrfan binne de silen yn de feanfearten.

Spuislûs of syl

bewurkje seksje

In syl yn in seedyk, dy't by leech wetter it binnenwetter spuit, hjit wol in spuislûs. By de slûsdoar wetter wurdt de klep iependrukt troch it binnenwetter; by floed drukt it seewetter de slûsdoar wer ticht. Yn Nederlân lizze de polders sa leech dat hast al dit soarte silen ferfongen binne troch gemalen. Oan de Dútske Waadkust wurkje de measte silen noch hieltiten. It is dêr al sa dat silen faak earst iepene wurde as der genôch wetter efter stiet, dat it wetter de haven bûten it syl útspielt. Sa kin de haven it sân dat troch de Waadsee nei de floed efterlitten is wer kwyt wurde.

In soad plakken yn Grinslân en Fryslân ûntliene harren namme oan in syl.

 
Haven fan Bensersiel

Ek yn Noard- en East-Fryslân einigje in protte plaknammen op -syl, wat dan yn it Dútsk as -siel skreaun wurdt.

  • Bensersiel
  • Carolinensiel
  • Dornumersiel
  • Eckwardersiel
  • Greetsiel
  • Harlesiel
  • Hooksiel
  • Horumersiel
  • Nessmersiel
  • Neuharlingersiel
  • Schlüttsiel
  • Schweiburgersiel
  • Tammensiel
  • Westeraccumersiel

In syl is ek wol in feart foar de ôffier fan wetter. De Syl, yn Súdhollân, is in sydtûke fan de Alde Ryn. En yn âlde Hollânske stêden binne silen meastentiids smelle, faak ek oerklûze, dwersferbinings tusken parallel rinnende grêften. Sokke silen wurde brûkt foar it skuorjen: it trochspielen fan de wetters om dy te ferfarskjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Wikiwurdboek-side - syl