Jirnsumersyl

(Trochferwiisd fan Jirnsummersyl)

It Jirnsumersyl leit op de trijesprong fan de Mûzel, de Grou en it Rak fan Ungemak, oan de noardeastkant fan Jirnsum.

Jirnsumer Syl
Jirnsumer Syl

Eartiids wie de Grou de ôfwettering fan in grut part fan Eastergoa, mar it ferskil fan nivo mei it wetter yn de Wâlden wie mar lyts. Dat, as it wetterpeil yn de Wâlden heech wie, rûn it wetter de Grou ýn, yn stee fan út. Op dit punt waard dêrom yn opdracht en op kosten fan de stêd Ljouwert in syl oanlein, dy't út himsels tichtgong as de stream in de rjochting fan Eastergoa stie. Om út de kosten te kommen krige Ljouwert as tsjinprestaasje it rjocht fan tol by de Jirnsumersyl. Yn 1671 fierde de gritenij Idaarderadiel in proses tsjin de stêd Ljouwert omdat dy lêste it toljild ferdûbele hie.

Mei it oanlizzen fan it Prinses Margrietkanaal kaam der in nije, twadde wetterferbining tusken de Nije Wjittering en de Pikmar en de syl ferlear dêrtroch syn funksje as wetterkearing en is dan ek al lang fuort. De fêste brêge yn de Grousterdyk dy't oanlein is op de resten fan de âlde syl draacht no de namme Jirnsumer Syl.

De funksje fan de Jirnsumersyl is oernommen troch de Terhernster slûzen dy't by heech wetter en westlike wyn ticht geane om foar te kommen dat der tefolle wetter út de Snitser- en westliker marren it hert fan Fryslân yn komt.

Keppeling om utens bewurkje seksje