Terhernster slûzen

De Terhernster slûzen binne slûzen by Terherne, yn it Prinses Margrietkanaal, tusken de Snitser Mar en de Terhernster Mar. Se hawwe de funksje foar te kommen dat by in hege wetterstân en súdwestlike wyn tefolle wetter út de Snitser en westliker marren it hert fan Fryslân yn komt. Meast steane alle doarren fan dizze slûzen iepen, sa't de skippen trochfarre kinne, mar as it nedich is wurde se ticht dien, en dan wurde de skippen skut. Der binne twa slûskolken njonken elkoar, sadat skippen gewoanlik sûnder wachtsjen trochfarre kinne.

Eart it Prinses Margrietkanaal oanlein waard, hie it Jirnsummersyl, ôfsjoen fan de Boarn, dyselde funksje: It wie boud om foar te kommen dat it wetter de Grou yn rûn, en om dêrmei de rest fan Fryslân te beskermjen.