De Johan Frisoslûs is in skutslûs yn Starum út 1966.

Johan Frisoslûs
bouwurk
Johan Frisoslûs
Johan Frisoslûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Starum
koördinaten 52° 53' 44" NB 5° 22' 47" EL
bysûnderheden
type bouwurk slûs
subtype skutslûs
boujier 1966
2014 (twadde slûs)
oerbrêget Johan Frisokanaal
oare ynformaasje
lingte 65 m
kaart
Johan Frisoslûs (Starum)
Johan Frisoslûs

De slûs mei brêge foarmet de ferbining tusken it Johan Frisokanaal en de Iselmar. Yn de simmermoannen ferwurket de slûs in soad fartugen en dêrtroch rint de wachttiid bytiden op ta twa oeren. Yn 1973 kamen 19.328 plesierfartugen troch de slûs. Troch it grutte tal fartugen dy't troch de slûs giene, waard de kapasiteit yn 2013/14 útwreide en bou en twadde slûs njonken de besteande slûs. Op 8 maaie 2014 waard de twadde slûs offisjeel troch kening Willem-Alexander iepene.

By deitoeristen is de slûs mei de soad skippen in attraksje. De oare slûs yn Starum is de eardere seeslûs. Besuden de slûs leit it J.L. Hooglandgemaal, dat yn itselde jier klear kaam.