Feanfeart
In Feanfeart waard groeven mei as doel de turf ôf te fieren en it feangebiet te ûntwetterjen.
- De Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart fan Akkrum oer It Hearrenfean nei Hoarnstersweach troch de Skoatterlânske Kompanjons fan om 1550 ôf.
- De Jonkerssleat en de Nijesleat ûnder Langsweagen en Koartsweagen nei de Boarn fan om 1580 ôf.
- De Drachtster feart tusken Noarder Drachten en Suder Drachten nei Fryske Peallen troch de Drachtster Kompanjons fan 1641 ôf. Letter súd-east nei Bakkefean en Haulerwyk.
- De Noardwâlder Feart út de Linde nei Noardwolde fan 1642. Yn 1782 waardtroch de Kompanjons-Fjouwerparten-dwersfeart trochlutsen nei it fean fan Vledder troch de Kompanjons.
- De Opsterlânske Kompanjonsfeart fan de Gordyk nei Appelskea troch de grytman fan Opsterlân, Agustinus Lycklama à Nijholt fan 1740 ôf.