Suder Drachten
Suder Drachten, ek: Suderdrachten wie in doarp oan de eastkant fan de Drait. It is nei de oanlis fan de Drachtster Feart mei Noarder Drachten útgroeid ta Drachten. De tsjerke, dêr't noch in ienfâldige tekening fan Bearn Lap fan bekend is, stie op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Boargemaster Wuitewei. Hy hie wol wat fan dy fan Koartehimmen.
It boeredoarpe sil syn namme ûntliend hawwe oan de Drait, yn 1543 noch Dracht neamd. Der wurdt oannaam dat Noarder- en Suder drachten om 1150 ûntstien binne.[1]
Oant 1667 foarmen Noarder- en Suder Drachten in tsjerklike kombinaasje mei Boarnburgum en Koartehimmen. Doe waarden de beide doarpen te grut en kaam der ien predikant foar de beide Drachtens.[2]
Op it plak fan de âlde tsjerke fan Suder Drachten is om 1900 it Suderbegraafplak (Burg. Wuiteweg 85) oanlein.[3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |