Haadmenu iepenje

Bernardus Albertus Fabricius

(Trochwiisd fan Bearn Lap)
Bearn Lap yn de Drachtster Krante. Yn it wite stik ferskynt syn kommintaar

Bernardus Albertus Fabricius, latinisearring fan Berend Alberts, better bekend as Bearn Lap (Suder Drachten, 1724 - dêre, 1792) wie in skuonmakker (lap) út Drachten, teffens kronikeur fan Drachten en omkriten.

As 16-jierrige wie Bearn biesknecht, dat wol sizze, assistint fan de biesjager (plysje). Fan Bearn Lap is bekend dat er graach in slokje mocht. Yn 1761 wurdt er oanklage foar it driigjen mei moard en brânstifting fan prokureur-fiskaal Julius Tjallings; hy ûntkent dat en guon Drachtsters dogge in goed wurdsje foar him, mar hy waard dochs feroardiele ta twa jier sel op 24 juny 1762. Letter komt Lap net mear foar yn rjochtbankstikken.

Fan 1732 oant 1782 skreau er yn in soarte fan doarpskronyk oer tal fan persoanen en saken. Ek joech er syn kommentaar somtiden op rym.

Ien diel fan syn deiboeken wurdt bewarre yn Museum Smellingerlân. Yn Drachten is de Fabriciusleane nei him neamd.

Op de foarside fan de Drachtster Krante jout in tekene Bearn Lap, sûnt 3 jannewaris 1956, noch hieltiten kommentaar op it nijs. (Ferlykber mei Gurbe en Loltsje yn de Ljouwerter Krante)

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Fabricius, Bernardus
  • Bekkema, Klaas J., Ut Smellingerlâns ferline. Drachtster Krante
  • Jolt Oostra Rzn., Sitaten Drachtster Krante yn Drachster Namen, 1997.