Drachtster Feart (wetter)

De Drachtster Feart (ek: Drachtster Kompanjonsfeart) lei tusken Drachten en Haulerwyk. It kanaal wie ferdield yn fiif panden, troch skutslûzen fan elkoar skieden en fan de Fryske boezem oan de Drait of Dracht. It besit fan fearten mei harren ferlaten, brêgen en wâlen levere de Kompanjons toljild, skut- en brêgewippersjilden op, wylst se der ek it fiskrjocht hienen. Nijkommers fêstigen har oan de feart, dêr't in kearn, it lettere Drachten ûntstie. It plak Drachtster Kompenije is earst yn 1772 stichte. De feart is groeven fan 1641 ôf doe't it heechfean, eastlik fan Drachten, ferfeante waard. Benypt provinsjebelang makke dat earst nei 1760 ek oansluten waard by de Drintske kanalen yn Feanhuzen. Der sieten 5 slûzen yn, Bûtenstfallaat, westlik fan Drachten, is noch it langste brûkt.

De feart yn Drachten foar WOII
De nije feart einiget yn it sintrum fan Drachten by it kariljon

Passchier Hendricks Bolleman, in keapman, sollisiteur en feanbaas, berne yn De Haach of Drongelen yn it jier 1585, tekene op 5 oktober 1641 in oerienkomst mei de notabelen fan Noarder- en Suderdrachten foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart, in feanfeart. Achthûndert arbeiders binne oan it wurk set om de Drachtsterfeart te graven. Om 1643 wie der al in skoalle by de brêge.

Op 7 febrewaris 1649 kamen Saco Fockens en Saco fan Teyens mei Passchier Hendriks Bolleman foar. Se woenen nije feangrûnen yn it grinsgebiet tusken Opsterlân en Smellingerlân “te water brengen”. Nei ferfeanting fan de wiken koe de turf oer De Lemmer ôffierd wurde nei de Hollânske stêden. Der is in notariële akte opmakke troch Joannes fan Crack, Saco Fockens, Jacob fan Runia as man fan Amerentia fan Oenema, Asswerus fan Vierssen (1598-1662) as kurator fan Catharina fan Oenema en Saco Teyens ta interinement en útfiering fan harren oktroai ta it graven fan in feart. Yn 1656 gie Bolleman fallyt en stoar koart dêrnei.

 
De ûntginning van het heechfean, skildere troch Jacobus Sybrandi Mancadan
 
De nije passantehaven oan de feart

Om de feanen yn it noardeasten fan Opsterlân fierder eksploitearje te kinnen is de Grutte Feanfeart of Bakkefeanster Feart op inisjatyf fan grytman Douwe fan Aylva (1610-1665) en Jacobus Sybrandi Mancadan yn 1659/1660 trochlutsen (lâns Oerterp oan de Feart) oant Fryske Peallen. Yn 1669 kaam de grinskwestje tusken Fryslân en Grinslân by Fryskepeallen opnij te praat. Dêrom makke de feart in bocht yn súdeastlike rjochting nei Bakkefean, in ûnbewennee streek, dat neffens guon boarnen yn 1664 berikt waard. De Schotanusatlas jout dat net oan. Om 1670 ûntwikkele Bakkefean him ta in feankoloanje.

Sûnt it Rampjier 1672 wie der stagnaasje troch in ekonomyske krisis. Yn 1680 hie it kanaal de grins mei Opsterlân noch net berikt. Sûnt 1713 koe in begjinmakke wurde mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Yn 1718 is fanút Haulerwyk de feart trochlutsen lâns de Duerswâlder Heide. Yn 1744 wie it fean om Sigerswâld sawat ôfgroeven. Yn 1756 wurdt it kanaal útgroebven oan Haule ta. Yn Haulerwyk en Waskemar ûntstienen nije feankoloanjes.

 
Kromme-Elleboogsvaart besuden Haulerwyk

Yn 1760 of 1770 wie der noch gjin oansluting mei it Drintske Feanhuzen. Mei de Koloanjefeart, groeven tusken 1823 en 1826, feroaren de ekonomyske foarútsjoggen. Earst yn 1837 besliste men dat de 2e wyk fan de Kromme-Elleboogsvaart ferlinge wurde soe nei 40 m. fan de Frysk-Drintske grins, wylst in wyk fan de Koloanjefeart fan Feanhuzen oant 10 m. fan de grins groeven wurde soe. (It Federalisme wie sûnt de oprjochting fan de Bataafske Republyk noch altiten net ferdwûn.)

Pas yn 1879 kaam der in ferbining tusken de Koloanjefeart en de súdlikste wyk fan de Kromme-Elleboogsvaart.

Tsjintwurdige tastân

bewurkje seksje

Yn de jierren 60 fan de 20e iuw wie de Drachtster Kompanjonsfeart sawat in iepen rioel. Yn de jierren 1966/67 waard in diel fan de Drachtsterfeart tichtsmiten. Ein 20e iuw kamen der plannen om in diel fan de feart opnij út te graven. De feart hoegde mar gedieltlik fannijs groeven te wurden, fan de Hegewei ôf oant it kariljon yn it sintrum. It miljoenenprojekt rûn yn 2003 fertraging op troch ferskate jurydyske prosedueres. De feart hie al 2008 iepene wurde sillen, mar de kredytkrisis fan 2007 jage de boel yn de bulten. De wenwyk Drachtsterfeart is it earst reälisearre. Letter kaam der in hege fêste brêge ('De Piip') yn de Hegewei oer de nije feart, dy't op 30 oktober 2015 offisjeel iepene waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: