Douwe fan Aylva (Haniastate yn Holwert, 1579 - dêre, 8 augustus 1638) en begroeven yn Holwert. Soan fan Ernst fan Aylva en fan IJdt fan Herema.

Komt yn 1611 it earst foar ûnder de Steaten fan Fryslân, waard 31 maart 1618 oansteld as grytman en dykgraaf fan West-Dongeradiel en folge as steatelid yn 1620 de lykstaasje fan Willem Loadewyk fan Nassau. Hie grutte ynfloed yn Fryslân, mar wie om syn trochdriuwen en opljeppend aard by it folk en de predikanten net bemind, wat benammen bliken die by de skelen oer it beteljen fan de algemiene belestingen. De Steaten Generaal hienen al yn 1625 besocht om dy yn Fryslân op deselde foet as yn Hollân yn te barren. Dêrom wie in gesantskip nei Fryslân gien, dat Westergoa en in part fan Eastergoa foar it foarstel wist te winnen, mar benammen by de stêden op grutte wjerstân stuite. Der waard besletten om dan mar troch te gean en de melde middels by beslachlizzing yn te foarderjen, wylst oan greve Ernst Casimir as steedhâlder fan Fryslân opdroegen waard om de útfiering sa nedich mei wapens te stypjen. Wylst yn april 1626 de Lândei hâlden waard, rûn it folk gear yn Ljouwert en foel yn lilkens oan op de grytman Douwe fan Aylva, doe't dy nei de Lândei gie. Hy hie amper gelegenheid om him yn in hûs yn feilichheid te bringen en it lilke folk soe grif it hûs ynkommen wêze en it plondere hawwe, as net krekt op 'e tiid twa findels bôgesjitters oanmarsjearjen kamen om him te beskermjen. De Lândei gie yn betizing útinoar; greve Ernst, besykjend om mear kriichsfolk yn de stêd te bringen, waard dêryn net allinnich behindere, mar waard twongen de besetting fan de stêd ûntwapenje te litten. Dêrta gienen de skutters sels de gaos yn de stêd tsjin troch it folk te behinderjen om de deunby steande huzen te plonderjen. Op oare plakken, dêr't it fjoer al gau nei oersloech, rûn it mei de ûntfangers net sa bêst ôf. De opwining saksearre lykwols net earder as doe't der in nije skikking yn it regear, begjin 1627, fêststeld waard. Dêirby fûnen Douwe fan Aylva en ek syn heit Ernst it riedsum om in skoftke bûten it bewâld te bliuwen. Letter namen se elk wer harren oandiel yn it bestjoer, mar de argewaasje hold oan en lôge sels yn 1635 sa heech op, dat it wer needsaaklik wie om in regaringsferoaring ta stân te bringen.

Douwe fan Aylva wie om 1605 hinne troud mei Luts (Lucia) fan Meckema, († 29 juny 1630), dochter fan Hessel en fan Hisck fan Feytsma. Ut dat houlik kamen sân bern, wêrûnder Hessel, Douwe en Ernst.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Aitzema, Saken van St. en Oorlog I, 591;
  • J.v.d. Sande, Ned. Hist. 121-123;
  • Wagenaar, Vaderlandsche Historie XI, 217-222;
  • Vriemoet, Ath. Fris., XCIX;
  • Scheltema, Staatkundig Nederl;
  • Baerdt v. Sminia N. Naaml. v. Grietmannen, 69, 70;
  • Nederl. Adelsboek 1912, 70.