Treftsjerke (Appelskea)

De Treftsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Ald-Appelskea. De tsjerke waard yn it jier 2000 foar de earetsjinst sletten, waard dêrnei in atelier en is hjoed-de-dei in bêd en brochje-adres.

Treftsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Appelskea
adres Wester Es 50
koördinaten 52° 57' N 6° 19' E
Tsjerklike gegevens
status bêd en brochjeadres (2023)
Arsjitektuer
boujier 1903
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31716
Kaart
Treftsjerke (Fryslân)
Treftsjerke
 
De âlde tsjerke dy't yn april 1903 ôfbaarnde

Noch foar it jier 1328 waard yn de buorskip Terwisscha in oan de hillige Nikolaas wijd tsjerkje boud. De tsjerke wie ek ornearre foar de bewenners fan de buorskippen Aakingea en De Bult. Fanwegen de iensume lokaasje op de heide fan dat tsjerkje waard foar it troch de turfwinning groeiende Appelskea oan de feart in nije tsjerke boud.

It âlde tsjerkje yn Terwisscha hie oarspronklik in sealtektoer, mar om't de toer de klok net mear drage koe waard dy yn 1857 (of 1858) ôfbrutsen en ferfongen troch in klokkestoel. Yn 1903 baarnde de âlde tsjerke út en kaam dêr it tsjintwurdige gebou foar yn it plak.

De klokkestoel waard yn 1986 fernijd. Under it wulfdak hinget in yn 1435 troch J. van Bomen getten klok mei in diameter fan 88,1 sintimeter.

Sûnt 2001 is de Treftsjerke oernommen troch in partikulier. It gebou is in ryksmonumint fanwegen ûnderdielen fan de tsjerke.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: