Wolvedak

(Trochferwiisd fan Wulfdak)

In wolvedak, wulfdak, skylddak of skyldkape is in soarte dak dat foarme wurdt troch twa trijehoekige dakskylden oan de koarte kant en twa trapeziumfoarmige dakskylden oan de lange kant fan it gebou.

Prinsipe skylddak
Skylddak op de pastorije fan Oostnieuwkerke

It skylddak waard foar it earst yn de jierren '30 op grutte skaal tapast. It is in oanpast sealdak. Troch oan de koarte kanten skylden oan te bringen ûntstiet dizze dakfoarm. Troch romme oerstekken te brûken kinne 'wiete' muorren foarkomd wurde.

It wolvedak is in foarbyld fan in "noardbeamdak". De noardbeam is it plak dêr't twa dakskylden elkoar reitsje oan de boppekant, yn Fryslân wurdt dat de naal neamd. Meastal hawwe de 4 dêrtroch ûntstiene dakflakken deselde hellingsgraad. Soms wurde de úteinen fan in skylddak fersierd mei in piron.

Rjochthoekige wenten hawwe meastentiids smellere sydstikken en bredere foar- en efterskylden. Hjirtroch ferbetteret de drukferdieling op de konstruksje.

Oare foardielen

bewurkje seksje

In skylddak hat in aerodynamysk design: fan alle daktypen binne it wolvedak en it tintedak it bêste bestand tsjin wynstjitten en wurdt dêrom faak yn in bûtengebiet tapast. In oar skaaimerk is de rûnom trochrinnende dakgoate. It tradisjonele sealdak biedt op souder mear romte, mar troch fariaasjes yn skeante kin dat ferskil beheind of fergrutte wurde.