Legeduerswâld (Nederlânsk: Laagduurswoude, Stellingwerfsk: Legeduurswoold) is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. It leit súd fan Easterwâlde.

Eartiids foarme Legeduerswâld tegearre mei Hegeduerswâld Duerswâld. Dizze is letter splitst. It Legeduerswâld leit noardliker as Hegeduerswâlde. It Legeduerswâld hearde earst by Easterwâlde, it wurdt no ta Makkingea rekkene. Ien fan de pleatsen hjir wurdt De Boschplaats neamd. Efter dizze pleats leit in terrein fan in pear bunder yn de heide dat It Alde Kleaster neamd wurdt. Der leit in sleat mei in wâl omhinne. It wie ûnderferdield yn lytsere stikken dêr't ek in sleat en in wâl omhinne leinen. Om 1900 hinne waarden dêr sintels fûn. No stiet yn âlde stikken dat it ta de tsjerke fan Sint Odulfus yn Starum hearde dêr't yn de 12e iuw 24 kapellen by hearden. Dêrûnder foel ek Marcuesse of Machesse dêr't Makkingea mei bedoeld wêze kin.

De namme komt ek foar as Laagduurswoude, Leegduurswolde en Leeg Duirswoude. Leech hat hjir de betsjutting fan 'fierôf' of 'ûnbewenne'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Eaststellingwerf  
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
  ·   ·