Evert van Benthem
Evert van Benthem (Sint-Janskleaster, 21 novimber 1958) is in Nederlânsk reedrider, dy twa kear efterinoar de Alvestêdetocht wûn hat. Sûnt 1999-2000 wennet er yn Kanada.
Alvestêdetochten
bewurkje seksjeEvert van Benthem wie boer yn Sint-Janskleaster doe't er lanlik ferneamd waard neidat er op 21 febrewaris 1985 de 13e Alvestêdetocht wûn hie. Van Benthem en de maratonriders Jan Kooiman, Jos Niesten en Henri Ruitenberg kamen dy dei as earsten oan op de Bonke. Yn de einsprint behelle Van Benthem mei in lyts ferskil de oerwinning.
It jier dêrop, 1986, waard wer in Alvestêdetocht hâlden, op 26 febrewaris. Wer kaam Van Benthem as earste op de Bonke oan. Dy kear wie er allinnich, om't er Rein Jonker krekt lost hie. Van Benthem wie dit jier dúdlik de sterkste en wûn syn twadde Alvestêdetocht yn in tiid fan 6:55:17 oere.
Emigraasje
bewurkje seksjeSimmer 1999 beslút de hûshâlding Van Benthem om nei Kanada te emigrearjen. Dat wiene hja al langer fan doel, mar troch Van Benthem's Alvestêdetocht-oerwinnings wie dat útsteld. De strange rigeljouwing foar buorkjen yn in natoergebiet en it 'Benthem-toerisme' nei syn pleats, hawwe makke dat men it trochsette. Gewoan boer wêze koe net mear yn Nederlân fûn Van Benthem.
Tsjintwurdich wennet de hûshâlding yn Spruce View, in doarp mei sa'n 1700 ynwenners yn de provinsje Alberta, tusken Calgary en Edmonton yn it westen fan kanada. Op 26 kilometer fan harren pleats leit it Sylvanmar, dat elts jier tichtfriest. Op ynisjatyf fan Van Benthem wurdt dêr sûnt 2003 in jierlikse maraton fan 200 kilometer ferriden. It earste jier diene allinne Kanadezen mei, yn it twadde jier ek sa'n 100 Nederlanners.
Evert van Benthem is troud en hat trije soannen dy't ek reedride.
Resultaten
bewurkje seksjejier | Alvestêdetocht | Noardwesthoekrit | Rottemarrentocht |
---|---|---|---|
1985 | |||
1986 | |||
1996 | NO | 4 |
- NO = wedstriid net organisearre