François Haverschmidt

(Trochferwiisd fan Piet Paaltjens)

François Haverschmidt (Ljouwert, 14 febrewaris 1835Skiedaam, 19 jannewaris 1894) wie in dichter en dûmny. As dichter wie er ferneamd ûnder de namme Piet Paaltjens.

François Haverschmidt
skriuwer
Litografysk portret fan de dichter yn de earste printinge fan Snikken en Grimlachjes (1867)
Litografysk portret fan de dichter yn de earste printinge fan Snikken en Grimlachjes (1867)
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Piet Paaltjens
echte namme François Haverschmidt
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 14 febrewaris 1835
berteplak Ljouwert
stoarn 19 jannewaris 1894
stjerplak Skiedaam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Poëzy, koart ferhaal
perioade Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Snikken en Grimlachjes
jierren aktyf 1863 - ?
François Haverschmidt
Boarstbyld fan François Haverschmidt yn Ljouwert (Jentsje Popma)
Dizze side giet oer de dichter en predikant. Foar de ornitolooch en jurist, sjoch: François Haverschmidt (1906-1987).

François Haverschmidt waard 1835 berne op de Foarstreek yn Ljouwert as tredde soan en sechde fan sân bern fan de apteker/wynhanneler Nicolaas Theodorus Haverschmidt en Geeske Bekius. Hy hie op dat stuit lykwols mar ien broer; syn âlden hienen in eardere soan François, berne 24 maaie 1829, tweintich dagen nei de berte ferlern.

De famyljenamme wie troch François syn pake, Johannes Harmanus, gearstald út de nammen Haver en Schmidt, wat mûglik de reden wie dat François dy letter sels skreau as HaverSchmidt. De namme waard lykwols troch de boargerlike stân mei lytse 's' skreaun.

François syn mem Geeske kaam út it dûmnysslachte Bekius. De lytse François wie faak yn Damwâld te finen, dêr't syn pake François Bekius, nei wa't er neamd wie, dûmny wie. François besleat om de leasten fan syn pake te folgjen. Nei de Latynske skoalle kaam der by Haverschmidt, wat no depressiviteit hjit, nei foarren. In jier letter waard er ynskreaun oan de teologyske fakulteit yn Leien. Yn Leyen waard de 'moderne lear' dosearre. Foar de gefoelige studint Haverschmidt hie dat gefolgen. Hy wie rjochtsinnich grut brocht. Hy smiet dy gefoelens fan him ôf troch him yn it studintelibben te jaan. Dêr hat syn twadde persoanlikheid, Piet Paaltjens, stâl krigen.

Nei syn ôfstudearjen besleat Haverschmidt om dochs mar dûmny te wurden. Hy koe net maklik in plak krije, oant Foudgum frij kaam. Yn 1859 die er dêr syn yntree. Syn traktemint wie 700 gûne sadat er net oan trouwen hoegde te tinken.

De ferhâlding mei de nije gemeente wie net bêst. Haverschmidt liet blike dat er frijsinnich wie en de gemeente wie otterdoks. Boppedat koe er him net ynlibje yn de opfettings fan syn gemeente. Hy hat wol besocht om brêgen te slaan, mar dat is him net slagge.

Haverschmidt libbe wer op as er yn in lyksinnige gemeente preekje mocht of as er frege waard foar nutslêzings. Hoewol't er ôfskie nommen hie fan Piet Paaltjens, hat er in swiere tiid trochmakke yn de Foudgumer pastorije. Syn ûnwissens en beslútleazens hawwe dêr ek in grutte rol by spile.

Lettere libben

bewurkje seksje
 
Snikken en grimlachjes
 
Byld troch Auke Hettema fan François Haverschmidt yn Leien

Yn 1862 krige er in berop nei De Helder. Hy hat it oannommen en yn Foudgum is er noch ferloofd. Op 6 augustus 1863 is er yn Utert boaske mei Jacoba Osti.

Yn 1894 hat ds. Haverschmidt, dy't yntusken in berop nei Skiedam krigen hie, dêr yn in swiere depresje in ein oan syn libben makke.

 
Immortelle XLIX (De Haach, 2019)

It meastpart fan it wurk fan Haverschmidt ferskynde oarspronklik yn blêden of bleau yn hânskriften, allinnich brûkt yn foardrachten. Dy list hat de boeken, dêr't yn de rin fan tiid in part fan de teksten yn ferskynden, wêrfan't mar in lyts part yn syn libbensdagen:

  • 1863 - Sinterklaasvertelling, of, Hoe het afliep met drie zoontjes wier moeders iets voor hen kochten tot Sint Nicolaas (Sinteklaasteltsje, of, Hoe it ôfrûn mei trije soantsjes fan wa de memmen harren wat koften ta Sint Niklaas)
  • 1867 - Snikken en Grimlachjes (Snikken en grimpkjes)
  • 1876 - Familie en Kennissen (Famylje en kunde)
  • Uit geest en gemoed: toespraken (Ut geast en moed: taspraken)
  • 1961 - Nagelaten Snikken (Neilitten snikken, gearstald troch Hans van Straten)
  • 1981
    • Ter gelegenheid van ... (Ta ...)
    • Twee voordrachten (Twa foardrachten)
  • 1982
    • Leven en sterven van Jelle Gal (Libben en stjerren fan Jelle Gal)
    • Steek af naar de diepte
  • 1983 - Met gedempte stem - (Mei sêft lûd)
  • 1987 - Eene Kerstvertelling (In krystfertelling)
  • 1988
    • De drie zonen van het lied (De trije soannen fan it liet, taskreaun oan Haverschmidt)
    • Uitgedelgde schuld (Dylge skuld)
  • 1990
    • Louw de Lieger (Louw de liger)
    • Totdat de raadselachtige droom van ons leven uit is (Oant de riedselige dream fan ús libben oer is)
    • Wat liefheeft, dat moet scheiden, wat leeft, rijpt voor het graf (Wat leavet, dat moat skiede, wat libbet, rypet foar it grêf)
  • 1991
    • Het verhaal van Oom Jan en ander proza (It ferhaal fan Omke Jan en oar proaza)
    • Wat buigt gij u neder, o mijne ziele, en wat zijt gij onrustig in mij? (Wat bûgje jo jo del, o myn siele, en wat binne jo ûnrestich yn my?)
  • 1992 - Op dit nationale en huislijk feest ... (Op dit nasjonale en húsk feest)
  • 1993 - Verzamelde gedichten in handschrift (Sammele fersen yn hânskrift, gearstald troch Hans van der Sloot)
  • 1994
    • Winteravondvertellingen (Winterjûnfertellings)
    • Terug in mijn geboortestad en twa oare teksten fan François Haverschmidt (Wer yn myn bertestêd ...)
  • 1998 - Souvenir Beekhuizen 1870 (Sûvenir Beekhuzen 1870, tegearre mei: Souvenir Beekhuizen 1998 - John Jansen van Galen)
  • 2000 - Reis van Leeuwarden naar Antwerpen (Reis fan Ljouwert nei Antwerp.)

Oera Linda Boek

bewurkje seksje

Haverschmidt wurdt ek sjoen as ien fan de mûglike skriuwers fan it Oera Linda Boek, in mystifikaasje oer in grutte Fryske beskaving dy't fergien is.