Skiedam
Gemeente Skiedam
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Súd-Hollân | ||||||
Boargemaster | Cor Lamers | ||||||
Haadplak | Skiedam | ||||||
Oerflak - wetter |
19,89 km² - 1,79 km² | ||||||
Ynwenners | 79.393 | ||||||
Ferkearsieren | A20 | ||||||
Netnûmer | 010 | ||||||
Postkoades | 3100 - 3125 | ||||||
Offisjeel webstee | www.schiedam.nl |
Skiedam[1] (Nederlânsk en offisjeel: Schiedam) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op 1 july 2021 wennen der 79.393 minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.
SkiednisBewurkje
Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamd om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.
Yn 1275 krige Skiedam stedsrjochten fan Aleida van Avesnes, de suster fan Willem II fan Hollân.
Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.
PopulaasjeBewurkje
Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983[2]:
WykyndielingBewurkje
Skiedam bestiet út ferskate wenwyken:
|
Ek binne der noch twa buorskippen:
|
It besjen wurdichBewurkje
MuseumsBewurkje
- It Steedlik Museum Skiedam
- It Jenevermuseum.
- Museummûne De Nieuwe Palmboom
- Nasjonale Koöperaasje Musem Skiedam
MonumintenBewurkje
- Eardere stedshûs
- Grutte of Sint Janstsjerke
- De ruïne fan Hús te Riviere
- Lidwinabasilyk
- De grêften fan Skiedam
- Nôtbeurs
- Haventsjerke
- Histoarysk stêdsgesicht
MûnenBewurkje
Berne yn SkiedamBewurkje
- Maarten Biesheuvel, (23 maaie 1939), skriuwer
- Ton van Duinhoven (12 maaie 1921 - 26 augustus 2010), sjoernalist, akteur en tekstskriuwer
- Martin Gaus (25 desimber 1944), honkballer, publisist en telefyzjemakker
- Herman Heinsbroek (12 jannewaris 1951), sakeman en politikus
- Danny Koevermans (1 novimber 1978), fuotballer
- Robert Maaskant (10 jannewaris 1969), fuotballer en fuotbaltrener
- Wim Meuldijk (8 juny 1922 - 27 desimber 2007), skriuwer en ûnder oare betinke fan Pipo de Clown
- Pieter van Vollenhoven (30 april 1939), man fan prinses Margriet
- John de Wolf (10 desimber 1962), fuotballer
Keppelings om utensBewurkje
- Gemeenteargyf fan Skiedam
- Hiemside fan de Histoaryske Feriening Skiedam
- Steedlik Museum Skiedam
- Evenemintenside Skiedam
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Brielle - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Gorkum - Goeree-Oerflakkee - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hellefuotslûs - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westfoarne - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht |