De Walvisch
De Walvisch is in rûne stiennen stellingmûne oan 'e Westvest yn Skiedam. De earste stien foar de mûne waard yn 1794 troch Anthonius Nolet lein. Ek hjoeddedei is de famylje Nolet noch jimmeroan yn Skiedam bekend fanwegen harren jenever en de heechste mûne fan it lân, De Nolet.
De Walfisk | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Schiedam | |
adres | Westvest 229 | |
koördinaten | 51°54' N 4°23' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 26,90 m | |
boujier | 1794; weropbou 1996 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33289 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens | ||
Kaart | ||
Ofbyld
bewurkje seksjeDe mûne waard ferneamd nei de Grienlânske walfiskfeart, dy't tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw opgong makke. De Walvisch waard pachte troch 26 stokers en mealle mout foar jenever.
De Walvisch waard yn 1928 ferkocht oan 'e feriening De Hollandsche Molen út Amsterdam, dy't de mûne restaurearje liet. Yn desimber 1938 rekke de mûne troch brânstifting fan 'e hierder skeind. De skea bleau beheind en de mûne waard renovearre en neitiid ferhierd oan in bedriuw, dy't caseïne, in grûnstof foar de farvefabryk, mealle.
Yn 'e jierren 1950 sette de mûndersfamylje Kluit útein mei in bedriuw yn 'e mûne. Kluit wie eigner fan De Noord yn Rotterdam, dêr nôt mealle waard, en wie fan doel wytmoal op De Walvisch te meallen. De Noord baarnde yn 1954 ôf en dêrnei krige De Walvisch it drokker mei meallen. Yn 'e jierren 1960 naam de aktiviteit fan 'e mûne lykwols ôf.
De gemeente kocht yn 1982 foar in symboalysk bedrag de mûne fan De Hollandsche Molen oer en joech opdracht de stilsteande mûne op 'e nij te restaurearjen. Nei de grutte restauraasje yn 'e jierren 1980 baarnde de mûne op 14 febrewaris 1996 troch koartsluting folslein út. Noch yn itselde jier sette de weropbou fan 'e mûne útein mei help fan bedriuwen, ynstellings en partikulieren. Wat letter waard de mûne ek wer mealfeardich makke.
Sûnt 2002 is der yn De Walvisch in winkel ûnderbrocht mei in grut assortiment moal- en bakprodukten.
Yn 'e rin fan 2017 waard mei in ferbouwing útein set om de mûne ynstee fan De Palmboom as museummûne yn te rjochtsjen. Sûnt 2018 waard it museum mei de mûnewinkel iepene.
Oare mûnen yn Skiedam
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|