De Noord (Skiedam)
De Noard is in rûne stiennen stellingmûne yn 'e Súd-Hollânske stêd Skiedam. Foar in skoft wie de mûne de heechste wynmûne fan 'e wrâld.
De Noard | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Schiedam | |
adres | Noordvest 38 | |
koördinaten | 51°55' N 4°23' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 26,60 m | |
boujier | 1803, werbou 1962-1971 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33266 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeAl yn 'e 18e iuw stiene der yn Skiedam bysûnder hege stellingmûnen. Dy mûnen tsjinnen eartiids fral om mout te meallen foar it grutte tal jeneverstokerijen. Fan 'e mear as 20 stedsmûnen bleau û.o. De Noard út 1803 bewarre. De earste stiennen wynmûne op dit plak waard yn 1707 boud en ferfong doe in âlde houten standermûne út likernôch 1400. Dy "Noort Moole" waard yn 1803 ôfbrutsen en tichter by it wetter as de hjoeddeiske De Noard wer opboud. Oan 'e eastlike kant is noch in gevelstien te sjen mei it jiertal 1707.
Sûnt it begjin fan de 20e iuw waard der yn 'e mûne feefoer en letter weetmoal foar de bakker mealle. Yn 'e jierren 1930 waard gjin gebrûk mear makke fan 'e wynoandriuwing. It boppediel fan 'e mûne, de kape, it wjukkekrús de sturt en de stelling, waarden yn 1937 ferwidere. Wat oerbleau wie de romp mei twa souders.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kocht de gemeente de romp fan 'e mûne oan mei it doel de mûne wer yn âlde gloarje werom te bringen. De restauraasje en rekonstruksje fan it boppediel fûn yn 'e jierren 1962-1971 plak. Ek waard de mûne wer mealfeardich makke.
Oant 2006 bleau De Noard de heechste wynmûne fan 'e wrâld. Yn dat jier waard yn Skiedam De Nolet boud, dy't heger is as De Noard.
De mûne is oant en mei de kape 33,3 meter heech en hat in flecht fan 26,6 meter. Yn 'e mûne is tsjintwurdich in restaurant ûnderbrocht.
Oare mûnen yn Skiedam
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|