De Kameel is in yn 2011 boude rûne stiennen stellingmûne yn it Súd-Hollânske Skiedam.

De Kameel
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Schiedam
adres Doeleplein
koördinaten 51°55' N 4°24' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje moutmûne
flecht 25,95 m
boujier 2011
oare ynformaasje
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens
Kaart
De Kameel (Skiedam-Sintrum)
De Kameel

Oarspronklik waard de mûne yn 1715 boud, likernôch tritich meter eastlik fan it hjoeddeiske plak. De mûne wie ien fan 'e tweintich mûnen dy't yn Skiedam mout meallen foar de jeneverstokerijen. Om't in moutmûne in soad ferwurkingskapasiteit en opslachromte nedich hat, wie De Kameel yn dy tiid ien fan 'e heechste mûnen fan 'e wrâld. It neidiel wie dat dêrtroch de konstruksje fakentiden in soad te lijen hie en ta swierrichheden liede koe.

De oarspronklike mûne die tsjinst oant yn 'e iere moarn fan 20 maart 1865. Dy moarns fernielde in hurde wynpûster de wjukken en boppe-as. Nei in reparaasje die de mûneromp noch in pear jier tsjinst as stoomhoutseagerij, mar nei in brân waarden yn 1868 ek de lêste oerbliuwsels fan 'e Kameel ôfbrutsen.

Rekonstruksje

bewurkje seksje
 
De mûne yn oanbou (2009).

Nei jierren fan tarieding sette de Stifting De Schiedamse Molens op moandei 10 novimber 2008 útein mei de rekonstruksje fan 'e Kameel. Skiedam, dy't him graach profilearret as mûnestêd, woe in mûne op in goede sichtlokaasje by it sintrum ha. De weropbou op it krekte oarspronklike plak wie fanwegen ynfrastrukturele feroarings net mear mooglik; de mûne soe dan frijsteand yn it wetter komme te stean. Dêrom waard keazen foar in plak tichteby by it oarspronklike plak, wêrby't de rekonstruksje krekt lykas de oarspronklike mûne heal yn it wetter kaam te stean.

Op 10 desimber 2010 waard de kape op 'e mûne set. Op sneon 14 maaie 2011 op 'e Nasjonale Mûnedei draaide De Kameel foar it earst offisjeel. Sûnt 14 maaie 2011 is De Kameel mealfeardich.

De Kameel is oant de kape likernôch 30,3 meter heech en is de lytste fan 'e hjoeddeiske Skiedamske stedsmûnen. Dat hat te krijen mei de oarspronklik bou yn 1715, de tiid dat de jeneveryndustry yn Skiedam noch mar krekt útein sette. De mûne is útrist mei in koppel mealstiennen en kin njonken nôt mealle ek elektrisiteit opwekke.

De Kameel is it nije ûnderkommen fan 'e Stifting De Schiedamse Molens. De ûnderste trije souders fan 'e mûne binne as kantoarromtes en in romte om gear te kommen ynrjochte.

Oare mûnen yn Skiedam

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje