De Nolet is de heechste wynmûne fan 'e wrâld. De mûne stiet oan 'e Hoofdstraat yn Skiedam en waard yn 2005 troch de firma Nolet Distillery boud. It bedriuw is sûnt 1691 yn Skiedam fêstige en yn it ramt fan in grutte ferbouwing en útwreiding liet dy de mûne wer opbouwe. Njonken it opwekken fan elektrisiteit tsjinnet de mûne ek as represintatyf gebou. Yn 'e mûne is boppedat in ûntfangstromte en in romte om gearkomsten te hâlden. Yn maaie 2006 waard de mûne iepene.

De Nolet
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Schiedam
adres Hoofdstraat 8
koördinaten 51°54' N 4°24' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje moutmûne
flecht 29,85 m
boujier 2005-2006
oare ynformaasje
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side fan De Nolet
Kaart
De Nolet (Skiedam)
De Nolet

Yn 'e 19e iuw besiet Schiedam 24 hege stellingmûnen om nôt te meallen foar de jeneverstokerijen. Yn 'e rin fan 'e tiid ferdwûnen de measten en lang om let bleaune der mar fjouwer komplete mûnen oer. Yn 'e jierren 1990 waard as fyfte mûne De Palmboom ta in komplete mûne restaurearre en yn 'e jierren 2006 en 2011 folge de rekonstruksje fan 'e Nolet en De Kameel, sadat de stêd tsjintwurdich wer sân hege rûne stellingmûnen telt.

De mûne hat in tradisjoneel uterlik. De wjukken dogge tinken oan it systeem Dekker, mar binne spesjaal ûnwikkele mei in aërodynamysk profyl. Der komt gjin mûnder by te sjen om de mûne oan it wurk te setten; de turbine yn 'e mûne wurket hielendal automatysk. De sturt en de stelling fan 'e mûne binne allinne oanwêzich om de mûne syn tradisjonele karakter fan in Skiedamske mûne te jaan, it nei de wyn setten giet automatysk.

De mûne is oant en mei de kape 42,5 meter heech en mei de aërodynamyske wjukken 55 meter. De hichte fan de stelling is 25 meter, de flecht fan de wjukken hast 30 meter.

Oare mûnen yn Skiedam

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje