De Noord (Rotterdam)

De Noard wie in 37 meter hege stellingmûne oan it Oostplein yn Rotterdam.

De Noard
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Oostplein
koördinaten 51° 55' N 4° 29' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôt- en moutmûne
flecht 25,9 m
boujier 1713
sloopjier nei brân yn 1954 ôfbrutsen
Kaart
De Noord (Rotterdam-Sintrum)
De Noord

De mûne waard yn 1711 boud en ferfong doe in standertmûne. Sûnt de bou oant yn 'e 19e iuw waard de mûne brûkt as moutmûne. Letter waard de mûne ynset foar it meallen fan sied foar feefoer.

Yn 1919 soe de mûne ôfbrutsen wurde, mar dêr koe de gemeenteried krekt op 'e tiid it near op lizze. De mûne waard restaurearre en ferhierd oan in bedriuw.

 
De Noard nei it bombardemint fan 1940.

By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 stie de omjouwing yn 'e brân. De mûnder liet doe de wjukken draaie, om sa it oerslaan fan de brân nei de mûne tefoarren te kommen.

Yn 'e nacht fan 27 op 28 july 1954 baarnde de mûne dochs noch of. De oarsaak is ûnbekend. De romp fan 'e mûne, dy't te min wie om noch brûkt wurde te kinnen foar in weropbou, waard yn 'e hjerst fan itselde jier ôfbrutsen.

Yn 'e twadde helte fan 2020 kaam de Rotterdamske ûntwerper Frans Blok mei in útstel om De Noard wer op te bouwen.[1]

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: