Martin Gaus
Martin Gaus (folút: Martin Ronald Gaus; Amsterdam, 25 desimber 1944) is in Nederlânsk tillefyzjepresintator en bistetrener, dy't bekend waard mei de presintaasje fan it bisteprogramma Dierenmanieren.
Martin Gaus | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Martin Gaus yn 2007. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Martin Ronald Gaus | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 desimber 1944 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintator, bistetrener | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | TROS | |
bekend fan | Dierenmanieren | |
jierren aktyf | 1981 – no | |
offisjele webside | ||
Martin Gaus op Twitter |
Karriêre
bewurkje seksjeGaus wie yn syn jonkheid in talintearre honkballer en spile op it EK fan 1962 twa wedstriden foar it Nederlânske nasjonale honkbaltiim. Letter makke er karriêre as direkteur fan in stielhannel, en yn 1974 iepene er syn Dierenhotel yn Lelystêd. Dat wie in treningsskoalle foar bisten, benammen hûnen. Hjirmei makke Gaus fan syn hobby syn berop, en teffens kaam er der lanlik mei yn it nijs. Yn 1981 waard er troch de TROS frege om tegearre mei Léonie Sazias de presintaasje fan it programma Dierenmanieren te dwaan, dat jierrenlang op 'e tillefyzje te sjen wie. Fan 1989 oant 1996 presintearre Gaus fierders, ek by de TROS, de Natte Neuzen Show, in hearrigenswedstryd foar hûnen.
Njonken syn presintaasjewurk hat Gaus ek ferskate publikaasjes oer it belearen fan húsdieren op syn namme stean, wêrûnder mear as tsien boeken en teffens de tydskriften Hondenmanieren en Kattenmanieren, dy't oarspronklik oprjochte waarden as spin-offs fan syn tillefyzjerige Dierenmanieren. Oant 2007 wie Gaus syn dochter Sacha Gaus haadredaktrise fan Hondenmanieren.
Tsjintwurdich is Gaus geregeldwei te sjen yn it berneprogramma De Wereld van K3, fan 'e Flaamske fammegroep K3, dêr't er oer it hâlden en dragen fan bisten fertelt. Fierders is er eltse woansdei as bistesaakkundige te gast yn in radioprogramma fan 'e regionale omrop Flevolân. by de Jeropeeske ferkiezings fan 2004 en de Twadde-Keamerferkiezings fan 2006 stie Gaus as listtriuwer ûnderoan op 'e kieslist fan de Partij foar de Dieren. Yn 2014 wied er te gast yn it fuotbalprogramma Voetbal International om 'e resultaten sjen te litten fan syn trening fan 'e oerhearrige hûn fan fuotbalkommentator Johan Derksen. Datselde jiers waard Gaus ûnderskaat as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|