Léonie Sazias (Rotterdam, 27 july 1957Amsterdam, 3 oktober 2022) wie in Nederlânsk presintatrise, keunstneresse en politika.

Léonie Sazias
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Léonie Sazias yn 1987.
Léonie Sazias yn 1987.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Léonie Sazias
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 july 1957
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
stoarn 3 oktober 2022
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Frânsk
Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje,
radio
wurksum by Veronica,
AVRO,
TROS,
RTL 4,

Fox
bekend fan De Ojevaarsjo,
Dierenmanieren
jierren aktyf 19802012
offisjele webside
Biografy op parlement.com

Sazias die nei de HAVO de keunstakademy, en helle in ûnderwiisakte foar it fak hânfeardichheid. Yn 1980 joech se harsels foar de poerlegrap op doe't se in oprop lies fan 'e omrop Veronica, dy't socht om in nije omropster. Ta har skrik kaam sy as bêste út in screentest dêr't 8.000 jonge froulju oan meidiene. Lykwols naam hja it oanbod fan in baan as omropster oan, en sa kaam hja yn 'e tillefyzjewrâld telâne. Sazias wurke earst by Veronica en letter ek by de AVRO, de TROS, RTL 4 en Fox Nederlân. Se presintearre in ferskaat oan programma's, wêrûnder De Ojevaarsjo, dêr't se bekend mei waard, en letter Dierenmanieren, as ko-presintator fan Martin Gaus.

Letter stapte Sazias oer nei de radio, dêr't se fan 2008 oant 2012 te belústerjen wie by Omrop MAX, op Radio 5 Nostalgia. Dêr presintearre hja op wurkdagen fan 06.00-10.00 oere it moarnsprogramma Wekker-Wakker!, as ko-presintator fan Henk Mouwe. Yn dy funksje folge se Martine van Os op, dy't trochskode nei de tillefyzje, om dêr Tijd voor MAX te presintearjen. Yn 2012 waard Sazias har plak yn Wekker-Wakker! oernommen troch Myrna Goossen.

Njonken har wurksumheden op 'e tillefyzje en de radio hie en hat Sazias in eigen ateljee dêr't se byldzjende keunst makket ûnder de artystenamme Navaya. Se docht oan byldhouwen, houtfykjen, tekenjen, skilderjen en meubelmeitsjen. Teffens yllustrearre se de berneboeken út 'e Haasje en Rammelaar-rige fan har man Cees Stolk.

Yn 2006 stelde Sazias har by de gemeenteriedsferkiezings yn har wenplak Hilversum ferkiesber foar de lokale partij Democratisch Liberale Partij Hilversum (DLPH). Earst waard se net keazen, om't se op it twadde plak op 'e kieslist stie en de DLPH mar ien sit wûn, mar doe't it sittende riedslid fan 'e partij yn septimber fan dat jier it byltsje der by del smiet, kaam se dochs noch yn 'e Hilversumer gemeenterie. By de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 wie Sazias listlûker fan 'e lokale partij Hart voor Hilversum (HvH), dêr't de DLPH ûnderwilens yn opgien wie. HvH behelle trije sitten yn 'e ried en Sazias waard fraksjefoarsitter. Yn 2015 naam Sazias as listlûker fan 'e regionale partij Hart voor Holland diel oan 'e Provinsjale-Steateferkiezings yn Noard-Hollân, mar dy partij wist gjin sitten te winnen. Op 14 novimber 2016 waard bekendmakke dat Sazias op it twadde plak op 'e list fan 'e nasjonale âldereinpartij 50PLUS stie, efter listlûker Henk Krol. Under de ferkiezingskampanje foar de Twadde-Keamerferkiezings fan 2017 koe Sazias lykwols net aktyf meidwaan om't krekt doe by har termkanker fêststeld wie. Nei't 50PLUS by de ferkiezings op 23 maart fjouwer sitten wûn hie, kaam Sazias yn 'e Twadde Keamer.

Priveelibben

bewurkje seksje

Léonie Sazias is de dochter fan in Frânske heit en in Nederlânske mem. Hja hat in âldere suster. Sazias is berne yn Rotterdam, mar koart nei har berte ferhuze it gesin nei Soest, dêr't se sadwaande opgroeide. Se wie troud mei berneboekeskriuwer Cees Stolk, mei wa't se trije bern krige.

Sazias ferstoar op 3 oktober 2022 yn Amsterdam, yn 'e aldens fan 65 jier, oan 'e gefolgen fan termkanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: