Grutte Tsjerke (Skiedam)

De Grutte- of Sint-Janstsjerke yn 'e Súd-Hollânske stêd Skiedam is in trijeskippige halletsjerke. De tsjerke wurdt brûkt troch de PKN-gemeente Skiedam.

Grutte Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Skiedam
adres Nieuwstraat 34
koördinaten 51° 55' N 4° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier 1335-1500
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33240 (tsjerke)
33241 (toer)
Webside
Side fan de PKN Grutte Tsjerke, Skiedam
Kaart
Grutte Tsjerke (Skiedam-Sintrum)
Grutte Tsjerke

Mei de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard yn 1335 útein set. De as roomske oanspronklik oan Jehannes de Doper wijde tsjerke waard mei de ynfiering fan 'e reformaasje protestantsk.

 
Ynterieur.

Yn 1425 bestie de tsjerke út de toer, it tsjintwurdige middenskip mei eastlik in fiifsidich sletten koer, in rjochthoekich sletten noardlik koer en in súdlik koer.

By de grutte stedsbrân fan Skiedam yn 1428 waard de tsjerke foar in part skeind. De restauraasje folge mei in útwreiding. Sa waard in noardlik skip oanboud, de hjoeddeiske waach. Ta neitins fan de doe al fereare, mar yn dy tiid noch net hillich ferklearre Lidwina, waard tsjin de súdlike muorre fan it hjoeddeiske middenskip de Lidwinakapel oanboud.[1]

De Grutte Tsjerke wie ien fan de 66 kanjermonuminten dy't yn 2000 fan staatssekretaris Rick van der Ploeg ekstra subsydzje krige foar restauraasje. Betingst foar de subsydzje wie dat de tsjerke ek foar iepenbier gebrûk iepensteld waard. Om't de bûnte kjifkrobbe it hout en de balken fan it dak oantaast hiene, moast it dak fernijd wurde. Nei in restauraasje yn de jierren 2000-2002 koe de tsjerke wer op 'e nij yn gebrûk nommen wurde. Sûnt dy restauraasje hingje yn de tsjerke wer grutte kroanluchters, replika's fan de oarspronklike.

De monumintale preekstoel datearret noch fan foar de ynfiering fan de protestantske earetsjinst. De panelen fan de kûb binne fersierd mei de evangelisten en Jezus as Goede Hoeder. De kânselbibel rêst op in op twa dolfijntsjes einigjende koperen lessener út 1648. It klankboerd út 1948 is fersierd mei âld fykwurk fan in hearebank. It doopstek út 1642 is net mear kompleet en hat in koperen doopbôge, ien fan de âldsten fan Nederlân.

 
Preekstoel.

De tsjerke hat let 18e-iuwske hearebanken en in bank mei it jiertal 1596. Oan de muorren hingje trije grutte tekstbuorden út de 17e iuw: in boerd út 1619 mei de Tsien Geboaden, in boerd út 1600 oer de Tachtichjierrige Kriich en ien út 1617 mei de tolve artikels fan it kristlike leauwe. Oan ien fan 'e pylders is it epitaaf te sjen fan Kornelis Haga (1578-1654), de earste ambassadeur fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen yn it Ottomaanske Ryk.

Oer de flier lizze in soad sarken, guon datearje noch fan foar de reformaasje.

De brânskildere ramen yn it heechkoer binne fan de Rotterdamske glesker Marius Richters (1878-1955) en yn 1952 ynbrocht.

By de restauraasje fan 1947-1948 waarden in soad stiennen ûnder de flier fûn fan de yn 'e byldestoarm troch de wettergeuzen fernielde midsiuwske alters fan 'e tsjerke. De hast tûzen stikken binne troch de keunstner Sjef Henderickx ferwurke yn in keunstwurk, dat troch keninginne Beatrix op 30 maart 2010 ûnthulle waard. It keunstwurk bestiet út in grutte skaal wêrút de stiennen opriizgje en lang om let in laam foarmje.[2]

By it plak dêr't Lidwina har lêste rêstplak fûn, stiet no it deksel fan de sânstiennen sarkofaach dy't yn har grêf fûn waard.[3]

 
Oargel.

Hendrik Nijhoff boude om 1550 hinne in nij oargel yn 'e tsjerke, werfan de kassen fan it haadwurk en rêchposityf ek ûnderdiel binne fan it tsjintwurdige oargel. Dat oargel waard yn de 17e iuw útwreide mei twa sydkassen. It sydlingse fykwurk oan de kassen fan it oargel waard yn de 18e iuw tafoege.

De Rotterdamske oargelbouwer Standaart boude yn 'e 19e iuw efter de âlde kassen in hiel nij ynstrumint, dat healwei de jierren 1970 ferfongen waard troch in trijemanualich ynstrumint fan Flentrop Orgelbouw B.V. út Saandam. Om de klankkleur fan it oargel safolle mooglik oan te sluten by de âld-Nederlânske tradysje is it piipwurk makke fan oargelmetaal mei in heech leadgehalte. Sûnt dy tiid hawwe der noch in pear feroarings west. Yn 2006 foege Herman Pelgrim in Cymbelstjer ta. By grut ûnderhâld fan it oargel troch Orgelbouw Jan L. van den Heuvel en Pelgrim waard yn 2011 in Roerquint 12' en in Prestant 16' op it pedaal tafoege.[4]. Yn 2012 waard it oargel mei it 39e register útwreide, in Fagot 32' fan Orgelbouw Van den Heuvel, dat troch Pelgrim op it pedaal ynboud waard.[5] [6]

Yn 'e tsjerke stiet fierder noch in koeroargel út 1993 fan Herman Pelgrim.

Yn 'e 54 meter hege en nei de bliksemynslach fan 2005 restaurearre toer, hinget in karriljon fan 38 klokken, dat foar in part út 1786 stamt. Fierder binne der trije liedklokken. De âldste waard getten yn 1455, de swierste yn 1519 en de lytste yn 1710.

Konsistoarje

bewurkje seksje

De konsistoarje is bysûnder om't alle muorren behongen binne mei goudlear. Yn 'e jierren 1773-1778 waard de konsistoarje ferboud yn rokoko-styl. It ynterieur is noch geef 18e-iuwsk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: