Tsien Geboaden
De Tsien geboaden (Hebriuwsk: עשׂרת הדברות (asèrèt hadiwrot) letterlik: 'Tsien wurden' of 'Tsien útspraken') jouwe de tsien regels om te libjen dy't neffens it joadendom en kristendom troch God oan de minsken jûn is.
Oare beneamings binne: 'Tsien wurden', of 'dekalooch' (Hebriuwsk:עשרת הדברים (asèrèt hadewariem); Gryksk: deka logos), 'De stiennen tafels', 'De tafels fan de Wet', 'Wet fan de Heare'.
De Tsien geboaden
bewurkje seksje1 Doe spriek God al dizze wurden, sizzende:
2 Ik bin de Heare, dyn God, dy't dy út it tjinsthûs, laet hat.
3 Dû silst gjin oare goaden foar myn antlit hawwe.
4 Dû silst gjin snien byld noch hokfor likenis meitsje fan itjinge dat boppe yn 'e himel is, noch fan itjinge dat ûnder op 'e ierde is, noch fan itjinge dat yn 'e wetters ûnder de ierde is.
5 Dû silst dy dêr net foar bûge noch har tsinje; hwant Ik de Heare, dyn God, bin in oergunstich God, dy't de misdied fan 'e âffears bisiikje oan 'e bern, oan it trêdde en oan it fjirde slachte fan dyjingen, dy't My haetsje;
6 en doch barmhertichheit oan tûzenen fan dyjingen, dy't My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde.
7 Dû silst de namme fan 'e Heare dyn God net idel brûke, hwant de Heare sil net ûnskuldich hâlde dy't syn namme idel brûkt.
8 Bitink de sabbatdei, datstû dy hilligest.
9 Seis dagen silstû arbeidzje en al dyn wurk dwaen;
10 Mar de sawnde dei is de sabbat fan 'e Heare dyn God: dan silstû gjin wurk dwaen, dû, noch dyn soan, noch dyn dochter, noch dein tjinstfeint, noch dyn tjinstfaem, noch dyn fé, noch dyn frjemdling dy't yn dyn poarten is;
11 hwant yn seis dagen hat de Heare himel en de ierde makke, de sé en alles hwat dêryn is, en Hy rêstte de sawnde deis: dêrom seinge de Heare, de sabbatdei, en hillige him.
12 Earje jimme heit en jimme mem, dat dyn dagen forlange wurde meije yn it lân, dat de Heare, dyn God, dy jowt.
13 Dû silst net deaslaen.
14 Dû silst net troubrekke.
15 Dû silst net stelle.
16 Dû silst gjin falsk tsjûgenis sprekke tsjin dyn neiste.
17 Dû silst net bigeare dyn neiste syn hûs, dû silst net bigeare dyn neiste syn frou, noch syn tsjinstfeint, noch syn tjinstfeim, noch syn okse, noch syn ezel, noch eat dat dyn neiste sines is.
Exodus 20, fers 1 - 18.