Lidwina fan Skiedam
Lidwina fan Skiedam (berne yn Skiedam op 18 maart 1380 – ferstoarn yn Skiedam op 14 april 1433) is in katolike hillige. Hja is patroanhillige fan siken en ien fan de bekendste hilligen fan Nederlân.
Lidwina fan Skiedam | ||
hillige | ||
Skilderij fan de fal fan Lidwina op it iis (Jan Dunselman, 1863-1931) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 18 maart 1380 | |
berteplak | Skiedam | |
stjerdatum | 14 april 1433 | |
stjerplak | Skiedam | |
hillichferklearring | ||
hillich ferkl. | 14 maart 1890 troch Leo XIII | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hillichdom | Lidwinabasilyk (Skiedam) | |
attributen | Krâns fan roazen, krús, roazetak | |
patroan fan | Skiedam, siken |
Libben
bewurkje seksjeLidwina waard op 18 maart 1380 as iennichst dochter fan Peter en Petronella berne. Hja hie acht bruorren, libbe from en al jong waard Lidwina frege om te trouwen, itjinge hja ôfwiisde om't hja leaver har libben oan God wije woe. Doe't hja 15 wie gyng Lidwina yn de strange winter fan 1394-1395 mei freondinnen te reedriden op de Maas. Dat betearde net goed, want hja foel en briek in ribbe. De brutsen ribbe late ta kâldfjoer, wertroch't hja ferlamme rekke en nea wer fan't bed kaam.
Lidwina krige oer har hiele lichem swolderij en hja koe allinne noch de holle en har lofter earm bewege. Ien each wie blyn woarn en fêst iten koe hja net ferneare. Ynearsten koe hja har lijen net akseptearje, oant hja it besef krige dat har lijen har tichter by Kristus brocht. Hja libbe fan de hosty's dy't har jûn waarden en krige fizioenen en ekstazes. Neffens hagiograven soe ek de Jongfaam Marije oan har ferskynd wêze. Lidwina krige stigmata, dy't spontaan begûnen te blieden. It die bliken dat har bloed genêskrêftich wie en in soad sike minsken setten ôf nei Skiedam om troch har foarspraak better te wurden. Lidwina droech har lijen mei geduld en waard al by har libben troch it folk as hillige beskôge. 38 jier nei't har lijen begûn ferstoar hja.
Hja krige har lêste rêstplak by de Sint-Jan fan Skiedam. Yn 1436 waard boppe har rêstplak in kapel boud. It hûs fan har heit waard in gasthûs en de keamer mei har stjerbêd feroare yn in kapel. Dat hûs waard letter troch de stêd feroare yn in kleaster, dat bewenne waard troch klarissen út Haarlim.
Ferearing
bewurkje seksjeNei har dea skreau de preker Jehannes Brugman yn 1456 de Vita alme virginis Lijdwine (It libben fan de hongfaam Lidwina). Syn wurk waard yn 1498 mei yllustraasjes printe. De Vita Lidewigis virginis fan preester Tomas fan Kempen, skriuwer fan De Imitatione Christi, soarge der foar dat Lidwina ek bûten de Nederlannen gruttere bekendheid krige.
Ek nei de reformaasje bleaune de katoliken fan Skiedam Sint-Lidwina ferearjen. By in begraffenis wie it bygelyks tradysje om mei de lykbaar stil te stean by it grêf fan Sint-Lidwina. De jeneveryndustry yn de 18e iuw soarge foar de ymport fan katolike branners út Dútslân, wertroch't it tal katoliken tanaam. Yn de 19e iuw krige de Lidwina-ferearing in nije oantrún en mei de bou fan de Frankenlânske tsjerke krige Lidwina in monumintaal hillichdom. Har reliken waarden yn opdracht fan de lânfâlden Albert en Isabella yn de tiid fan it Tolvejierrich Bestân yn 1615 opgroeven en nei feiliger gebiet yn de Súdlike Nederlannen oerbrocht. It duorre oan 1871 ear't de reliken weromkamen nei Skiedam. Troch de emansipaasje fan it katolike folksdiel yn de 19e iuw wie dêr de bou fan de Frankelânske tsjerke (offisjeel: Us Leaffrouwe fan de Fisitaasje) mooglik woarn en dy tsjerke waard it nije hillichdom foar de ferearing fan Sint-Lidwina.
Fanwegen de lange tradysje fan ferearing fan Lidwina ferklearre paus Leo XIII har op 14 maart 1890 hillich. De Frankelânske tsjerke waard yn 1931 offisjeel wijd oan Sint-Lidwina, mar 1968 waard de Lidwinatsjerke sletten en in jier letter ôfbrutsen. Foar de ferearing fan Lidwina waard de Singeltsjerke oanwiisd en de panelen dy't de skilder Jan Dunselman makke oer it libben fan Lidwina hingje no dêr. Paus Jehannes Paulus II ferliende de Singeltsjerke op 18 juny 1990 de status fan basilica minor.
Op 21 juny 2015 waard der foar it earst sûnt de reformaasje alle jierren wer prosesje holden yn Skiedam. De reliken fan Sint-Lidwina wurde op de snein foar Himelfeart troch de stêd droegen. De start is in eucharistyfiering yn de Lidwinabasilyk. Dêrnei wurde de reliken fan Lidwina troch de stêd droegen lâns plakken dy't foar de hillige in rol spil hawwe en de prosesje einiget mei in fesper yn de Lidwinabasilyk.[1]
Reliken
bewurkje seksjeFan Sint-Lidwina wurde bonkjes bewarre yn in koperen skryn. Yn de kapelfoarmige skryn is in byldjes fan Lidwina, dy't in krús draacht, mei njonken har in ingel dy't in roazetak oanbiedt. Yn 1947 is by ûndersyk yn de Grutte Tsjerke fan Skiedam in bonkerak fan in frou fûn op it plak dêr't Lidwina's grêf wie. Ut ûndersyk die bliken dat de frou de sykteferskynsels hie dy't ek oan Lidwina taskreaun waarden. Mooglik binne eartiids de ferkearde reliken nei Brussel meinommen. Foar de ferearing fan it skelet as reliken fan Lidwina moat noch jimmeroan goedkarring folgje fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Salang dy noch net krigen is foarmje de bonkjes yn it relikwarium de offisjele reliken fan Sint-Lidwina. De oarpronklike grêfplaat fan Sint-Lidwina bleau ek bewarre. Op de grêfplaat is de hillige sels te sjen mei boppe har ingels dy't har kroane en op de hoeken de symboalen fan de evangelisten.
Feestdei
bewurkje seksjeDe feestdei fan Sint-Lidwina wie eartiids 14 april. Sûnt 1974 is dy datum ferskood nei 14 juny om't 14 april te faak yn de Goede Wike foel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|