Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Kâldfjoer of wiet gangreen is, oars as drûch gangreen (nekroaze), in ynfeksje wêrby't sûn weefsel oantaaste wurdt, faak útgeande fan in ferwûning wêrby't in soad avitaal weefsel ûntstiat (b.g. skotwûnen, pletwûnen) mei kontaminaasje troch grûn of dong, troch in ynfeksje mei anaerobe baktearjes, lykas Clostridium welchii en Clostridium Perfrigens. Faak produsearje dizze baktearjes gassen (gasgangreen) dy't de weefselspleten iependrukke wêrtroch't de ynfeksje him tige hurd ferspriede kin. By palpaty fielt men de gasbellen knisterjen yn it weefsel.

Kâldfjoer fan de pest

Snelle amputaasje kin needsaaklik wêze om it libben fan de pasjint te rêden. Troch de Amsterdamse sjirurch Brummelkamp is yn de jierren 50 en 60 fan de 20e iuw de hyperbare soerstofterapy ûntwikkele, wêrby't besocht waard om de anaerobe baktearjen troch in sterk ferhege soerstofspanning te bestriden. Dit die hy troch de pasjint yn in hege-druktank mei suvere soerstof te setten. Frij faak koe hjirtroch amputaasje foarkommen wurde of it libben fan de pasjint rêden, mar it apparaat is grut, djoer en net transportabel; der binne mar inkele fan yn Nederlân.

Gasgangreen is yn fredestiid in seldsume oandwaning.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W.H. Brummelkamp, I. Boerema, L. Hoogendyk - Treatment of clostridial infections with hyperbaric oxygen drenching. A report on 26 cases, Lancet, 1963