Johannes Brugman (Kempen (Dútslân), ± 1400Nymwegen, 1473) wie in Fransiskaner pater en reedner. Hoewol't syn berteplak net hielendal fêststiet, is er yn alle gefallen berne wêze yn it aartsbisdom Keulen.

Preek fan Jan Brugman troch Hermanus Schouten (1788).

Brugman studearde yn Parys godgeleardens. Nei de oplieding gie hy nei it kleaster fan de Fransiskanen-Observanten yn St. Omaars wêr't hy lektor yn de teology waard.

Brugman is benammen bekend fan syn reizen, wêr't hy in soad minsken besocht te oertsjûgjen yn preken om in ienfâldich kristlik libben te lieden. Brugman stie bekend as in redenryk preker. De útdrukking "prate as Brugman" is oan him ûntliend.

Hy begûn syn reizen yn Rynlân en Westfalen, mar syn echte faam begûn doe't er begûn te reizgjen yn de Iselfallei om 1452 hinne. Yn 1455 krige Boalsert in stêdsboek dat mei help fan him opsteld waard.

Brugman wie ek in dichter, hy skreau inkele geastlike lieten wêrûnder "Ic heb ghejaecht mijn leven lanc" en hy skreaun ek in hilligenlibben oer Liduina fan Skiedaam dy't yn 1433 ferstoar. Der kamen trije dielen út, diel 1 ferskynde yn 1433, diel 2 yn 1448 en diel 3 yn 1456.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Willem Moll - Johannes Brugman en het godsdienstig leven onzer vaderen in de vijftiende eeuw, grootendeels volgens handschriften geschetst. Amsterdam 1854
  • Nico Lettinck - Praten als Brugman. De wereld van een Nederlandse volksprediker aan het einde van de Middeleeuwen (Hilfertsom 1999)
  • Vincent Robijn - Het recht van een vrije Friese stad. De stadsboeken van Bolsward (1455-1479) (Hilfertsom/Ljouwert 2005)