It Oera Linda Boek is in kronyk fan de iere wrâldskiednis, út Frysk eachpunt, en in famyljekronyk fan in âlde aadlike Fryske famylje mei de fan Over de Linden, of Oera Linda. It manuskript soe in kopy út 1256 wêze, dy't fia âldere kopyen weromgie op boarnen út likernôch de perioade fan 560 foar Kristus oant it begjin fan de jiertelling. De measte ûndersikers beskôgje it Oera Linda Boek as in mystifikaasje; der binne lykwols ferskillende ideeën oer de skriuwer fan it hânskrift, en oer it motyf in sabeare kronyk te skriuwen.

Side út it manuskript fan it Oera Linda Boek

It bestean fan it Oera Linda Boek waard likernôch 1870 publyk, doe't Eelco Verwijs, argivaris en bibletekaris by de provinsje Fryslân, oan it Frysk Genoatskip berjocht die dat er kontakt hân hie mei Cornelis over de Linden, skipsboumaster by de marine yn De Helder. Dy soe in tige âld hânskrift hawwe dat al iuwen yn de famylje wie, mar dat er nei sizzen net lêze koe.

It genoatskip wie skeptysk, mar ien fan de leden, Jan Ottema, skreau yn 1871 dat er, no't er it hânskrift sels sjoen hie, oertsjûge wie fan de echtens. Hy publisearre yn 1872 in hast folsleine printinge fan it manuskript, tegearre mei syn oersetting derfan, ûnder de titel Thet Oera Linda Bok - naar een handschrift uit de derde eeuw, eigendom der familie Over de Linden, aan Den Helder (It Oer de Linden boek - nei in hânskrift út de tredde iuw, eigendom fan de famylje Over de Linden, oan De Helder). Letter, yn 1941, kaam der in twadde oersetting út, fan Jacques Overwijn: Thät wra Linda bok.

Mei de publikaasje begûn ek de diskusje oer it hânskrift. Yn it begjin waard it troch in protte minsken foar echt oannaam. Dit moat sjoen wurde yn it ljocht fan it sterke Fryske nasjonalisme fan dy tiid - it boek neamt de Friezen as ien fan earste trije folken op 'e wrâld, en beskriuwt harren as fan dy trije folken it ferljochtste. Undersyk fan histoarisy joech lykwols al gau oanwizings dat it boek in 19e-iuwsk wurk wie. Sa wie it papier bygelyks net wier út de 13e iuw, mar earder út de 19e iuw, en wie it sabeare Aldfrysk net echt âld, en ek net echt Frysk.

Mei it tanimmen fan it tal fan arguminten tsjin it âlde komôf, skode de diskusje oer it boek op nei de mooglike skriuwers fan it boek en harren motyf. Dy binne der by de roes:

  • Earst waard Cornelis Over de Linden yn 1876 troch Beckering Vinckers oanwiisd as de skriuwer.
  • Yn 1928 kaam it boek Het geheim van het Oera-Linda-Boek fan Murk de Jong; hjiryn waard Eelco Verwijs oanwiisd as de skriuwer.
  • Letter waard ek François Haverschmidt (alias Piet Paaltjens) as skriuwer neamt.
  • Yn 1978 hat Gerard van der Meij in boek publisearre dêr't er Joast Halbertsma yn oandroech as de skriuwer.
  • It lêste boek oant no ta yn dizze diskusje is De Gemaskerde God, dêr't Goffe Jensma yn oanfiert dat it trijetal Over de Linden, Verwijs en Haverschmidt tegearre de skriuwers fan it Oera Linda Boek wêze kinne.

Utsein yn it erfskip fan ien fan de hearen wurdt in proefferzje fan it boek fûn, sil it grif nea wis wurde troch wa't it Oera Linda boek skreaun is.

Nazi-Dútslân

bewurkje seksje

De publikaasje fan it Oera Linda Boek yn Dútslân yn 1933 troch Herman Wirth (Die Ura Linda Chronik) krige in soad omtinken. Wirth seach yn it Oera Linda Boek de oerbibel fan de Germanen; syn opfetting waard stipe troch Heinrich Himmler, de lieder fan de SS. Op 4 maaie 1934 waard lykwols yn in iepenbier debat yn de aula fan de Berlynske universiteit, foar Wirth en tûzenen harkers oer, de flier oanfage mei Wirth syn teoryen troch in fjouwertal germanisten en histoarisy. (Dizze paneldiskusje wie wol de oanlieding ta it stiftsjen fan de Ahnenerbe Nazi "tink tank" troch Himmler en Wirth, yn 'e mande mei Richard Walther Darré).

Modern esoterisisme

bewurkje seksje

It boek belibbe nochris in sekere populêrens yn it Ingelsksprekkende part fan de wrâld nei de publikaasje fan Robert Scrutton syn The Other Atlantis (1977) en Secrets of Lost Atland (1979). Hoewol’t ûndersyk doe al lang útwiisd hie dat it papier om 1850 hinne yn Maastricht makke wêze moast, bleau de tekst dochs in boarne fan ynspiraasje foar in tal okkultisten en foar spekulaasjes fan guon skiedkundigen.

Yn 1938 hat Cornelis over de Linden it hânskrift oan de provinsje Fryslân jûn, ta opnimmen yn de Provinsjale Bibleteek, ûnder betinksten dy't der foar soargje moasten dat it allinnich foar ûndersyk brûkt wurde soe. Hjoed de dei is it hânskrift part fan de kolleksje fan Tresoar.

  • J.G. Ottema, Thet Oera Linda Bok, Ljouwert, 1872. Ek digitaal te rieplachtsjen
  • G.J. van der Meij, Kanttekeningen bij het Oera Linda Boek: een afspiegeling van de taalgeleerdheid, denkbeelden en schrijfstijl van dr. J. H. Halbertsma, doopsgezind predikant in Deventer, Keizer, Ljouwert, 1978
  • Goffe Jensma, De gemaskerde god. François Haverschmidt en het Oera Linda-boek, Zutphen 2004, ISBN 90-5730-344-2
  • Het Oera Linda-boek. Facsimile - Transcriptie - Vertaling. Besoarge troch Goffe Jensma, Hilfertsom 2006, ISBN 90-6550-841-4 [1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje