Eelco Verwijs (Dimter, 17 july 1830 - Arnhim, 23 maart 1880) wie in Nederlânsk filolooch spesjalisearre yn it Midnederlânsk.

Eelco Verwijs yn 1857

Syn heit, Adriaan Verwijs, wie predikant. Eelco Verwijs learde teology oan it ateneum yn Dimter. Hy studearre oan de Universiteit fan Grins, earst ek teology, mar hy skeakele oer op it Nederlânsk. Doe 't syn dosint Matthias de Vries yn 1853 nei Leiden gie folge er him. Yn 1857 promovearre hy op Wapene Martijn fan Jacob fan Maerlant.

Verwijs wie dosint moderne talen oan it gymnasium fan Frjentsjer (1858-1862), argivaris-bibletekaris fan Fryslân en ek skoalopsjenner fan 1862 oant 1868. Yn 1864 boaske er oan Lamberdina Telting. Fierders wie er meiredakteur oan it Woordenboek der Nederlandsche Taal (1868) en it Middelnederlandsch Woordenboek.

Yn 1872 die bliken dat er tuberkuloaze hie. Hy ferbleau dêrom mear as ien kear oan de Middellânske See of yn Tiroal. Hy moast yn 1877 in oanbod foar in learstoel yn Nederlânske taal - en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam ôfslaan, en ferstoar trije jier letter, sûnder bern.

Verwijs skreau yn it begjin fan syn karriêre foar in breed publyk oer kultuerhistoarje, û.o. oer Sinteklaas. De dielen 1 o/m 3 fan syn Bloemlezing út Middelnederlandsche dichters wiene fan belang foar it mêd.

Verwijs skreau foar Fryslân wichtige histoaryske artikels en spile ek in rol yn it ta stân kommen fan it Oera Linda Boek. [1][2]

Wichtich wurk

bewurkje seksje
 
Briefke fan Verwijs oan Beets (1872)
  • Bloemlezing uit Middelnederlandsche dichters
  • Dit syn X goede boerden. De Haach, 1861.
  • (mei W. Bisschop): Gedichten van Willem van Hildegaersberch. De Haach, 1870
  • Jacob van Maerlant's Naturen Bloeme. Grins, 1872-1878
  • (mei M. de Vries): Jacob van Maerlant's Spiegel Historiael. Met de fragmenten der later toegevoegde gedeelten, bewerkt door Philip Utenbroeke en Lodewijc van Velthem. [Fanwege de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leien útjûn troch --. Leien, 1861-1879]. 4 dln.
  • (mei J. Verdam): Middelnederlandsch Woordenboek. 10 dln. De Haach, 1885-1952. Dl. 9 foltôge troch F.A. Stoett. Dl. 10 (Tekstkrityk fan J. Verdam en boustoffen) 1e diel (A-F) troch W. de Vreese; 2e diel (G-Z) troch G.I. Lieftinck.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Verwijs, Eelco.

  1. Oera Linda en het lachje van Eelco Verwijs yn Ljouwerter krante, 12 jannewaris 1994
  2. Sijs, Nicolien van der (2006) Calendarium van de Nederlandse taal. s. 199. De Haach: Sdu uitgevers