Jan Ottema

(Trochferwiisd fan J.G. Ottema)

Jan Gerhardus Ottema (Doetinchem, 1 desimber 1804 - Ljouwert, 19 maart 1879) wie in klassikus mei belangstelling foar Fryslâns ferline.

Dr. J.G. Ottema

Ottema wie learaar klassike talen oan it Steds Gymnasium Ljouwert. Hy wie in warber lid fan it Frysk Genoatskip. Hy skreau ûnder oare oer Simon Stijl en joech kroniken út. Bekendheid krige er troch syn pleidoai foar de echtheid fan it Oera Linda Boek dat er sels yn transkripsje útjoech yn 1872; yn 1876 ferskynde in ferbettere printinge.

Fuort nei ferskinen fan Ottema’s edysje fan it Oera Linda-boek ferskynden der ferskate publikaasjes wêryn't de echtheid fan it wurk bestriden waard.[1] De kontroverse die út soarte gjin goed oan Ottema syn reputaasje as kenner fan it Fryske erfgoed, en Ottema stoar net lang nei de affêre.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Under oaren: J. Beckering Vinckers: De onechtheid van het Oera Linda-Bôk, aangetoond uit de wartaal, waarin het is geschreven. Haarlim, 1876.