Richard Walther Darré

Richard Walther Darré (berne as Ricardo Walther Oscar Darré, Buenos Aires, 14 july 1895 - 5 septimber 1953) wie in SS-Obergruppenführer en ien fan de pommeranten ûnder de Nazy Blut und Boden-ideologen. Hy wie Minister fan Lânbou fan 1933 oant 1942 yn it Tredde Ryk.

Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Richard Walther Darré

Darré waard ta sân jier finzenis feroardiele by de Neurenberger prosessen foar misdieden tsjin de boargerbefolking tusken 1938 en 1945 en lidmaatskip fan kriminele organisaasjes. Hy waard fêstset yn de finzenis fan Landsberg, mar waard lykwols yn 1950 frijlitten. Dêrnei wenne er yn Bad Harzburg. Hy stoar yn in sikehûs te München oan leverkanker, dy't wierskynlik troch alkoholisme feroarsake wie. Darré kaam te hôf yn Goslar.

Darré syn meast wichtige publikaasjes binne:

  • Das Bauerntum als Lebensquell der nordischen Rasse (1928)
  • Neuadel aus Blut und Boden (1934)

Keppelings om utens

bewurkje seksje