Arriva Persoaneferfier Nederlân
Arriva Persoanferfier Nederlân (Nederlânsk: Arriva Personenvervoer Nederland B.V.) is de Nederlânske dochterûndernimming fan it Britske ferfierbedriuw Arriva mei de haadfêstiging yn Sunderland (Arriva PLC) te Ingelân, dy't yn 2010 in dochterûndernimming fan Deutsche Bahn AG waard. Arriva Persoaneferfier Nederlân hat syn haadfêstiging op It Hearrenfean. Arriva kaam yn 1998 yn Nederlân doe't it de aktiviteiten fan Vancom oernaam: GVB (Gemeentelijk Vervoerbedrijf Groningen) en Vancom Súd Limburch. Itselde jier waard ek de Hanze Groep en de VEONN opkocht, Wêrtroch't Arriva de busferfierder fan Fryslân, Grinslân en Drinte waard. Direkteur sûnt septimber 2006 is Anne Hettinga.
Arriva Persoaneferfier Nederlân | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | Dochterûndernimming | |
sektor | Ferfier | |
haadkertier | It Hearrenfean | |
oprjochte | 1998 | |
eigner | Deutsche Bahn AG | |
mem | Arriva plc | |
dochters | Arriva Iepenbier Ferfier Arriva Wadden Arriva Touring | |
sifers | ||
aktyf yn | Nederlân | |
offisjele webside | ||
www.arriva.nl |
- Dizze side giet oer Nederlânske dochterûndernimming. Foar it Britske memmebedriuw, sjoch: Arriva.
Skiednis
bewurkje seksjeOant de iere 1990-er jierren wie it ferfier yn Nederlân yn hannen fan de oerheid yn de foarm fan NV-konstruksjes dêrt de oerheid 100% oandielen yn hie sa as bygelyks yn de memme-ûndernimming Nederlânske Spoarwegen. Yn de 1980-er jierren besocht de oerheid de ferfiersstruktuer te feroarjen. Yn 1989 waarden de measte ferfiersbedriuwen beflapt ûnder de oerkoepeljende holding: it Feriene Streekferfier Nederlân, letter de VSB-Groep neamd.
Yn de 1990-er jierren waard it ferfier yn Nederlân stadichoan liberalisearre. Ein 1994 krige it Amerikaanske Vancom in fjouwerjierrige fergunning foar in stik as seis linen yn Súd-Limburch. Op 17 desiber 1998 naam Vancom it Gemeentlik Ferfierbedriuw Grins (GVB) oer. De gânse Nederlânske takke fan Vancom waard in pear wike letter oerdroegen oan it Britske Arriva. Arriva brocht it stedsferier yn Grins ûnder by de dochterûndernimming NV Arriva Groningen, itjinge juridysk in selsstannige ienheid wie.
Op 1 jannewaris 1998 waard de ferantwurdlikens foar it iepenbier ferfier desintralisearre fan it ryk ta de sanemade ferfierautoriteiten, lykas de provinsjes as de plusregio's. Letter dat jiers waard de VSN opspjalte yn twa parten: VSN-1 en VSN-2. Dat waard dien omreden de te oprjochtsjen Wet Persoaneferfier 2000, dêr't de merkwurking yn it Nederlânsk iepenbier ferfier by yntrodusearre waard. De ferantwurdlike autoriteit ferpartet it grûngebiet mei besteande linen yn saneamde konsesjes. Om de meast gaadlike ferfierder te finen, organisearret de konsesjeferliener in iepenbiere oanbesteger. Ferfiersbedriuwen dy't mear as 50% merkoandiel hawwe, meie harren net mear ynskriuwe op in oanbesteging. Yn 1996 hiene de VSN-dochterbedriuwen meiïnoar in merkoandiel fan 98%.
De bedriuwen dy't ûnderferparte wiene by VSN-1 wiene Midnet, Oostnet, ZWH-Groep en NZH. Dy bedriuwen giene mei yngong fan 10 maaie 1999 fierder ûnder de namme Connexxion.
De oare bedriuwen, BBA, Hanze Groep (mei GADO), Hermes en VEONN, waarden ûnderferparte yn de VSN-2-groep en wiene ornearre foar de ferkeap. Op 30 septimber 1998 waarden de Hanze Groep en VEONN ferkocht oan Arriva. Arriva krige dêrtroch it grutste part fan it iepenbier ferfier yn hannen yn Fryslân, Grinslân, Drinte, de Noardeastpolder en ek yn parten fan Oerisel.
Yn Fryslân wiene VEONN en de NS al oan it bepraten oer in gearwurkingsferbân ûnder de namme NoardNed foar al it busferfier yn Fryslân en de treintsjinsten fan de Noardlike Njonkenlinen. It oprjochtsjen fan NoardNed soe ynearsten al op 24 maaie 1998 wêze, dochs waard omreden guon omstannichheden in jier útsteld. Yn dy snuorje naam Arriva de VEONN oer en waard dy in partner yn NoardNed. Op 30 maaie 1999 sette NoardNed lang om let útein. Yn it súdeasten fan Fryslân en op de Fryske Waadeilannen soe Arriva sels ride. De stedstsjinst fan Ljouwert waard ynearsten by NoardNed ûnderferparte, dochs gie letter fierder ûnder Arriva. De treinen foar NoardNed waarden fan de NS hierd en de bussen fan Arriva.
Fia NoardNed fersoargen sy sûnt 1999 yn gearwurking mei de NS ek in part fan it treinferfier yn Noard-Nederlân, en busferfier yn Súdwest-Fryslân. De namme NoardNed is letter ferfallen en dêrnei rieden de treinen ûnder de namme fan Arriva. De treinstellen hawwe de nammen krigen fan bekende Friezen en Grinslanners. Fierders is der ek in taksybedriuw.
Yn 2003 binne de aktiviteiten fan Arriva-Limburch oernaam troch Connex dy't der de namme Limex oan jûn hat. Yn 2008 rekke Arriva by de oanbesteging fan it busferfier yn Súdeast-Fryslân in part fan syn rydgebiet kwyt. Fan 14 desimber 2008 ôf is Qbuzz de nije busferfierder yn it gebiet. Fan 13 Desimber 2009 is Qbuzz ek de ferfierder in Grins en Drinte, dêr't ek de oanbesteging ferlern gie.
Arriva waard yn 2010 oernaam troch it Dútske spoarbedriuw Deutsche Bahn.
Bustsjinsten yn Fryslân
bewurkje seksjeArriva fersoarget alle steds- en streekferfier yn Fryslân, mei útsûndering fan guon Qbuzz-linen rjochting Grinslân. De stedstsjinst Ljouwert waard nei it oannimmen fan de Wet Persoanferfier 2000 as earste iepenbier oanbestege. Op 27 juny 2001 waard buorkundich makke dat Arriva dy konsesje oant 2007 hâlden bliuwe soe. Dêrnei skreau Arriva him net yn om't de konsesje neffens harren net genôch winst opleverje soe. Dêrtroch gie de stedstsjinst oer nei Connexxion. Arriva bemachtige lykwols de konsesje Súdeast-Fryslân yn 2002. Yn 2008 skreau Arriva him ek net yn oan dy konsesje en sadwaande waard dy oan Qbuzz jûn.
It busferfier op Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermuontseach waard yn 2002 yn losse konsesjes oanbestege. Arriva ferlear dêr allinnich it busferfier op Flylân dy't troch TCR Flylân bemachtige waard. Yn 2008 bemachtige de joint venture Arriva/TCR de konsesjes Flylân en Skylge. Arriva bleau op Skylge riden en TCR op Flylân. Arriva wist it ferfier op de oare Waadeilannen te hâlden. Op It Amelân ried Arriva sûnt maart 2010 mei fjouwer âlde Grinzer (P+R Citybus) MAN Lion's City ierdgasbussen. Dy bussen binne letter oergien nei de stedstsjinst fan Ljouwert.
Yn 2006 ferlear Arriva de measte konsesjes yn it noarden fan Nederlân oan Connexxion. Op 20 maart 2012 waard buorkundich makke dat Arriva de konsesjes Noard- en Súdwest-Fryslân en Skiermuontseach weromwûn hie. Dy konsesje sette útein op 9 desimber 2012 en hat in rintiid fan acht jier mei de mooglikheid om twa jier te ferlingen. Dy konsesje omfieme net allinnich it streekferfier westlik fan it spoar fan Swol nei Ljouwert en noardlik fan it spoar fan Ljouwert nei Grins, mar ek de stedstsinst fan Ljouwert en de Q-liners fan Ljouwert nei Alkmar en tusken Grins en Emmeloard. Mei dy oanwinst ried Arriva mei 174 nije bussen. Op de stedstsjinst Ljouwert ride alle 20 bussen op ierdgas.
De provinsje Fryslân en Arriva eksperimintearje yn de ferlinging mei ferduorsumjen. Yn de simmer fan 2018 kamen der seis elektryske bussen by.
Doe't Connexxion it busferfier yn Fryslân fersoarge, brûkte dy de hûsnamme Frysker. Doe't Arriva dy oernaam, brûkte dy de namme Frysk Ferfier.
Q-liner
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Q-liner.
De VSN-Groep sette yn gearwurkjen mei de NS op 6 novimber 1994 mei de flugge bus Interliner útein. Arriva betocht yn jannewaris it alternatyf Aggloliner foar de linen om de stêd Grins hinne. De linen yn Fryslân en Drinte (de linen Ljouwert - Alkmar, Drachten - Grins, Lelystêd - Grins, Grins - Emmen) bleaune foarearst Interliner hjitten. Yn 2002 waard it konsept Q-liner betocht nei't de NS net fierder mei de provinsje op it mêd fan de Interliner gearwurkje woe. Alle Interliners en Aggloliners yn it noarden fan Nederlân waarden sadwaande Q-liners.
Yn de earste jierren wie Arriva de iennige ferfierder dy't de namme Q-liner brûkte. Letter hat Arriva dy namme oan de OV-autoriteiten oerdroegen dêr't dy namme ek troch oare ferfierders nei brûkt wurde koe.
Oant 30 juny 2005 eksploitearre Arriva mei Connexxion de Interliner/Q-liner tusken Grins, It Hearrenfean, De Jouwer en Lelystêd. Dêrnei gie line 315 alhiel oer op Connexxion. Sûnt 3 july 2011 is dy ferbining wer yn hannen fan Arriva. De linekonsesje rûn oant 9 desimber 2012 dêr't it part Grins - Emmeloard by de konsesje Noard- en Súdwest-Fryslân en Skiermuontseach neitiids by yntegrearre waard. Dy konsesje soe troch Arriva útfierd wurde. Dy konsesje duorre lykwols mar in oardel jier, om't mei it kommen fan de Hânzeline de folsleine line oerstallich waard.
Sûnt jannewaris 2012 rydt Arriva allinnich noch mei Mercedes-Benz Intego-bussen en sûnt 9 desimber 2012 ek mei nije Mercedes-Bens Intouro en Volvo 8900-bussen. Ek sûnt dy deis rydt Arrriva de Q-liner tusken Alkmar en Ljouwert, en yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Sûnt 11 desimber 2016 hat Arriva de Q-liner-ferbinings yn Súdeast-Fryslân fan Qbuzz oernommen.
Treintsjinsten yn Fryslân
bewurkje seksjeDe treinen op de Noardlike Njonkenlinen wurde sûnt 11 desimber 2005 eksploitearre troch Arriva. Tusken 30 maaie 1999 en 11 desimber die NoardNed dat.
Sûnt desimber 2010 ride jûns en sneins mear flugge treinen tusken Ljouwert en Grins. Op it part fan Grins nei Súdhorn ride yn de moarnspits trije ekstra treinen. Tusken Grins en Roodeschool rydt eltse healoere in trein. Sûnt 1 maaie 2011 is der fannijs in ferbining tusken Grins en Feandam.
Sûnt 9 desimber 2012 rydt Arriva mear treinen tusken Grins en Lier yn East-Fryslân. Dy line hjit de Wiederline. Fan moandeis oant sneons ride der ienris it oere treinen, wylst der sneins ienris yn de twa oeren treinen ride. De treinen meitsje yn Nederlân gebrûk fan de ynfrastruktuer fan ProRail, wyls it trajekt fan Nijeskâns oant Lier ûnderholden wurdt troch DB Netze.
Treinskema Noardlike Njonkenlinen Fryslân en Grinslân
bewurkje seksjeRûte | Tsjinst | Undernimmer | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
Ljouwert - Grins | Flugge trein | Arriva | stoppet 2x it oere yn Feanwâlden en alternearjend yn Bûtenpost en Súdhorn |
Ljouwert - Grins | Stoptrein | Arriva | Jûns ride fan moandeis o/m sneons inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins. |
Ljouwert - Harns Haven | Stoptrein | Arriva | |
Ljouwert - Snits | Stoptrein/Flugge trein | Arriva | Rydt yn de rêstige oeren en sneons oerdeis as stoptrein RS3, dy't yn Mantgum stoppet. Rydt yn de spitsoeren as flugge trein RE3, dy 'net yn Mantgum stoppet. Rydt net jûns nei 20:00 en sneins. |
Ljouwert - Snits - Starum | Stoptrein | Arriva | |
Grins - Delfsyl | Stoptrein | Arriva | |
Grins - Roodeschool - Iemshaven | Stoptrein | Arriva | Fjouwer/fiif treinen deis fan en nei Iemshaven |
Grins - Wynskoat - Bad Nijeskâns | Flugge trein | Arriva | Rydt inkeld yn de spitsoeren en rydt 1x/dei troch nei Bad Nijeskâns |
Grins - Súdbroek - Wynskoat - Bad Nijeskâns | Stoptrein | Arriva | |
Grins - Súdbroek - Bad Nijeskâns - Weener - Lier | Stoptrein | Arriva | Ek wol Wiederline neamd. Foar in skoft gjin treinferkear mooglik tusken Weener en Lier, omreden it opbouwen fan de Friezebrêge. Op dat trajekt rydt linebus 620 fan Weser-Ems Bus. Der ride ek Arriva bussen tusken Groningen en Lier VV. |
Grins - Súdbroek - Feandam | Stoptrein | Arriva |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Nammen fan de treinstellen
bewurkje seksjeDe 43 treinstellen fan Arriva hawwe allegearre in namme krigen fan in persoan dy't ferbûn is mei it Noarden. De nammen binne:
- Abe Lenstra
- Cees Bijlstra
- Ede Staal
- Egbert Wagenborg
- Eise Eisinga
- Fedde Schurer
- Foppe de Haan
- Piet Paaltjens
- Ger Vaders
- Gerrit Krol
- Hans Alders
- Hans Wiegel
- Hendrik Nicolaas Werkman
- Henk Kamerlingh Onnes
- Hotze Schuil
- Jan de Roos
- Jelle Zijlstra
- J.J. Nooitgedagt
- Jopie Huisman
- Liesbeth List
- M. Vasalis
- Marianne Timmer
- M.C. Escher
- Nynke van Hichtum
- Piet Oberman
- Samuel van Houten
- Titus Brandsma
- Ubbo Emmius
- Willem Albert Scholten
- Willem Barentsz
- Wim Duisenberg
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhielas foar in part oernommen fan de Nederlânsktalige side. Sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op dizze side. Commons: Arriva in the Netherlands – foto, fideo en harktriemmen
|