De N.V. Groninger Autobusdienst Onderneming (GADO) út Hoogezand, sûnt 1958 te Grins, wie fan 1924 - 1998 in oanbieder fan iepenbier ferfier per autobus yn de provinsjes Grinslân en Drinte. De GADO hie ek linen fan Grins nei Bûtenpost, Kollum, Surhústerfean en Holwert. Yn Holwert wie oansluting op de boat nei It Amelân. Yn Surhústerfean wie sûnt 1953 in garaazje fan de GADO.

DAF / Den Oudsten-bus 8899 fan de GADO yn Grins: in standert streekbus dy't, om model en útfiering, typearjend is foar hast alle Nederlânske streekferfier yn de jierren '70 en '80.

De GADO waard troch de mienskiplike 'mem' NS yn 1974 ynbrocht yn de ESO en dêrtroch letter yn de holding NV Aandelenbezit Streekvervoer. De lêste jierren fan har bestean makke de GADO mei VEONN diel út fan de Hanze Groep. Yn 1999 gie de GADO, wêrfan de namme koartlyn noch feroare wie yn Gado Reisnet, op yn de ferfiersgigant Arriva.

Arriva eksploitearre de eardere GADO-linen op grûn fan de konsesje GGD (Grins Stêd + Provinsje & Noard- en Midden Drinte). Op 13 desimber 2009 hat Qbuzz it busferfier yn it eardere GADO-gebiet oernomd.

Museumbussen

bewurkje seksje

Bewarre bleaune GADO-bussen:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: