Hainje wie in karrosserybedriuw op It Hearrenfean; it waard oprjochte yn 1907. Hainje waard bekend troch de reade standertbus (Kommisje Standerdisearring Autobusmaterieel). Dit bustype waard boud tusken 1966 en 1988.

Makette by gelegenheid fan 50 jier karrosseryfabryk Hainje.

Steds- en streekbussen

bewurkje seksje
 
Bedford-bus mei Hainje-karrossery út 1953.

Yn de jierren '60 boude Hainje inkele searjes stedsbussen foar de RET (Rotterdam). Ek boude it bedriuw in pear searjes bussen fan it type Bolramer yn lisinsje fan Werkspoor.

De standert-stedsbus

bewurkje seksje

De reade standertbus wie gjin eigen ûntwerp fan Hainje, mar Hainje wie wol ferantwurdlik foar de bou fan de measte bussen fan dit type. Yn de jierren 1966 - 1968 waard de standertbus ek wol troch Den Oudsten, Verheul en Werkspoar boud. Yn 1982 presintearre Hainje de twadde generaasje standertbus. Dy bussen waarden produsearre oant en mei 1988.

Yn 1977 toande Hainje in gearstalde bus foar de GVB (Amsterdam) mei in standertbus-karrossery. Yn de jierren '80 ûnwikkele Hainje ek midybussen mei in standertbus-karrossery.

De standert-streekbus

bewurkje seksje

Yn de jierren 1974-1984 boude Hainje ek de standert streekbus. Dizze bussen op DAF-sjassys wienen 1200-1595 nûmere. Dit type bus waard levere oan de BBA, Centraal Nederland, DVM, GADO, de NZH, de VAD en ZWN. Ek waarden der bussen op Volvo-sjassys boud, nûmere yn de 3200/3300-searje. Dizze bussen waarden benammen oanskaft troch de BBA, de VAD en de Twintske TET.

De standertbus 2000

bewurkje seksje
 
In Hainje ST2000 as BBA T-bus

Yn 1987 presintearre Hainje de standertbus 2000. Dy bus wie eigentlik de opfolger fan de standert-stedsbus, mar it prinsipe fan standaardisaasje waard ôfskaft. Dit type bus waard benammen levere oan de Zuidooster. Yn 1989 ûntwurp Duvedec in moderner front foar de standertbus 2000.

Oername troch Berkhof

bewurkje seksje

Yn 1989 naam Berkhof Hainje oer en feroare de namme Hainje yn 'Berkhof It Hearrenfean'. Dit bedriuw bout noch altyd steds- en streekbussen, mar dêrneist ek touringcars.

Keppeling om utens

bewurkje seksje