NoardNed Persoaneferfier BV wie in iepenbier ferfierbedriuw dat treinen en bussen eksploitearre yn Fryslân en Grinslân.

It logo fan NoardNed

It bedriuw wie foar 100% eigendom fan Arriva Persoaneferfier Nederlân. By de oprjochting fan it bedriuw yn 1999 wie 50% fan de oandelen noch yn besit fan NS Reizgers (49,9%) en ABN AMRO (0,1%), mar yn desimber 2003 hat Arriva alle oandelen oernaam. Fan 2006 ôf is NoardNed hielendal opgien yn Arriva.

De treinen fan NoardNed rieden op de folgjende trajekten (per 12 desimber 2005 oernommen troch Arriva):

De treinen brûkten de ynfrastruktuer van ProRail. Foar de trein jildt it lanlike NS-taryf. De treintsjinsten wurde foar it grutste part riden mei Waadrinners en in oantal Buffels, dy't fan de NS leased wurde.

De nasjonale ferfierbewizen binne jildich op de bus en yn de provinsje Grinslân ek jildich op 'e trein.

NoardNed eksploitearre ek buslinen yn Fryslân, benammen yn it Noarden en Westen fan de provinsje. De nije bussen binne opfallend appelgrien fan kleur, de âldere bussen hawwe faak noch de kleuren fan ien fan de foargongers fan Arriva/NoardNed, FRAM en GADO (blau of giel).

De nije yn eigen kleurstelling ridende bussen binne 34 Berkhof Ambassadors 200 en 2 Mercedes-Benz O550 Integro's. Fierder ride der noch trije Mercedes-Benz O550 Integro's om dy't út deselde searje dy't yn it Q-liner grien ride fan Arriva.

Omdat it fuortbestean fan NoordNed as ôfsûnderlik bedriuw oerstallich wurden wie, waard NoardNed per 1 jannewaris 2006 folslein ynlive by Arriva. De bedriuwsnamme NoardNed is hjirmei ferdwûn. Foar de útfiering fan it iepenbier ferfier hat dit gjin gefolgen.

 
Bus fan Arriva