Urbanisaasje

(Trochferwiisd fan Ferstedsking)

Urbanisaasje (fan it Frânske urbanisation) of ferstedsking is it proses fan befolkingsferskowing fan it plattelân nei de stêden en alle manearen dy't maatskippijen ûntwikkelje om mei dy feroaring om te gean. It kin beskôge wurde as it persintaazje fan in befolking dat op in beskate tiid yn 'e stêden wennet, mar likegoed as in oangeand proses wêrby't dat persintaazje almar fierder tanimt. Urbanisaasje wurdt bestudearre troch in grut tal ferskillende tûken fan 'e wittenskip, lykas geografy, sosjology, ekonomy en stêdeboukunde. It is in ferskynsel dat nau ferbûn is mei modernisaasje en yndustrialisaasje. De Feriene Naasjes ornearren dat ein 2008 de helte fan 'e wrâldbefolking stedsjers wêze soene, en yn 2050 sil wierskynlik 86% fan 'e befolking yn ûntwikkele lannen en 64% fan 'e befolking yn ûntwikkelingslannen yn stêden wenje. Fan it urbanisaasjeproses tusken 2020 en 2050 sil it meastepart plakfine yn Afrika en Aazje.

Persintaazje fan urbanisaasje per lân yn 2015.

Urbanisaasje wurdt gauris as in modern fenomeen beskôge, mar dat doocht net. Winliken is it in oanhâldend proses dat tûzenen jierren lyn begûn, doe't de earste nomadysk libjende jager-sammelders har byinoar yn doarpen nei wenjen setten om lânbou te bedriuwen. Trochdat alteast guon fan dy doarpen almar wolfarrender waarden, setten har der hieltyd mear lju nei wenjen, wat troch in taname yn 'e hannel in oanjeiend effekt op de ekonomy hie, mei as gefolch fierdere befolkingsútwreiding. Uteinlik ûntjoegen har op dy wize de earste stêden. Yn 'e moderne tiid krige it proses fan urbanisaasje in ûnbidich grutte ympuls troch de Yndustriële Revolúsje, doe't der fabriken yn 'e stêden fêstige waarden dy't ferlet hiene grutte oantallen arbeiders. Earmoede op it plattelân makke it foar in protte lju oantreklik om in better bestean yn 'e stêden te sykjen, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat in grut diel fan sokken bedragen útkamen en yn 'e stêden ûnder ellindiger omstannichheden libje moasten as se op it plattelân ea ûnderfûn hiene.

Yn 'e Westerske wrâld duorre de urbanisaasje oant likernôch 1960. Dêrnei begûn it proses fan suburbanisaasje, wêrby't it wolfarrender diel fan 'e stedsbefolking him út 'e binnenstêden weromloek om him yn 'e bûtenwiken en de foarstêden te fêstigjen. De binnenstêden waarden dêrtroch it domein fan 'e earmeren, mei as gefolch ferpaupering fan hiele stedwiken en in taname fan 'e kriminaliteit. Tusken 1975 en 1980 ferlieten in protte lju (dy't dat betelje koene) de stêd alhiel om har yn it proses fan disurbanisaasje op it plattelân nei wenjen te setten. It gefolch wie in grutte taname yn it wen-wurkferkear, wat wer ta strukturele filefoarming op 'e wei late. Nei 1980 begûn stadichoan de re-urbanisaasje, wêrby't jonge riken (de saneamde yuppen) har yn 'e binnenstêden fêstigen. Dêrtroch kaam der in ein oan 'e ferpaupering, mar it soarge der ek foar dat de kosten fan it wenjen dêr omheech giene, sadat de earmen dat net mear opbringe koene en twongen waarden om in oar hinnekommen te sykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.