Knooppunt Oerterperfallaat

(Trochferwiisd fan Knooppunt Drachten)

It knooppunt Drachten, ek wol bekend as knooppunt Oerterperfallaat, is in ferkearsknooppunt foar de oansluting fan de autodyk A7 en de autowegen N31 en N381 by Drachten. It knooppunt waard oarspronklik oanlein yn 'e 1970-er jierren, mar bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 2005.

Lizzing knooppunt Oerterperfallaat
Knooppunt Oerterperfallaat

Op dizze lokaasje lei oarspronklik in heal klaverblêd. By de útbou fan de eastlike N31 ta 2x2 autowei, dy't op termyn wierskynlijk in autosneldyk wurde sil, is de oansluting útwreide ta in folslein klaverblêd sûnder ranzjearbanen. It jildt offisjeel net as knooppunt, mar as in dûbelôfrit: 30 en 30a fan de A7.

It knooppunt is ferneamd nei de oanbuorjende eardere buorskip Oerterper Fallaat.

   Oanslutende diken   
  nei Drachten-Noard, Ljouwert             nei De Like, Grins 
     
     
     
  nei It Hearrenfean, De Jouwer, Snits            N381 nei Easterwâlde, Emmen 


Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje