Haadmenu iepenje
De Rykswei 7 of A7 rint oer de Ofslútdyk

In rykswei is in wei dy't beheard wurdt troch de sintrale oerheid fan in lân, it Ryk.

Yn Nederlân wurde rykswegen ûnderhâlden troch Rykswettersteat fanwegen it Ryk. Rykswettersteat is teffens ferantwurdlik foar de oanlis fan nije rykswegen, wêrfoar't de minister fan Ynfrastruktuer en Miljeu earst in traseebeslút naam hawwe moat.

Yn 2011 hie Nederlân 5121 km rykswei.[1] Ferskate oarspronklike rykswegen binne oerdroegen oan provinsjes en gemeentes.

De namme 'Rykswei' komt yn Nederlân faak foar as strjitnamme fan diken dy't in rykswei binne of dy't it ea wiene.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk