Knooppunt Euvelgunne
It Knooppunt Euvelgunne (by it bedriuwenterrein Driebond yn Grinslân) is it nije ferkearsknooppunt foar de oansluting fan de dûbelbaansautowei N7 en de dûbelbaansautowei N46, as ferfanging fan de besteande ôfritkonstruksje yn it Europaplein tusken de Grinzer eastlike en súdlike ringwei.
It knooppunt, yn de foarm fan in skeane trompetoansluting, is oanlein as ûnderdiel fan it Euvelgunnetrasee. It knooppunt en it trasee binne ferneamd nei de eartiidske buorskip Euvelgunne. Troch it knooppunt ûntstiet in trochgeande ferbining sûnder ferkearsljochten op it trajekt fan de A7 nei de eastlike ringwei, wêrby'tt ek it Europaplein ûntlêste wurdt.
It knooppunt is yn de ringwei (fan Europaplein nei Ringwei East v.v.) iepene op 15 desimber 2008 [1]. De tûke fanút de A7 (fanút Dútslân rjochting Europaplein mar ek Ringwei East en v.v.) is op 1 febrewaris 2009 iepene. Hjirmei is it eartiidske trasee oer de Gideonbrêge no offisjeel in stedsautowei mei in maksimale snelheid fan 70 km/o.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|