Wieringerwerf
Himrik fan Wieringerwerf
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Hollâns Kroan
Ynwenners (2021) 5.900 [1]
Koördinaten 52°51'2"N 5°1'22"E
Netnûmer 0227
Postkoade 1777
Webstee Unbekend

Wieringerwerf is in doarp yn de polder Wieringermar yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân. Wieringerwerf is it grutste plak fan de gemeente.

Yn 1931 waard mei de bou fan it doarp begûn, in jier neidat de polder drûchlein wie. Yn it ramt fan in wurkgelegenheidsprojekt dat finansierd waard troch de Steat, dy't ek eigener wie fan de poldergrûn, kamen ynwenners út hiel Nederlân wei nei de Wieringermar om de hannen út de mouwen te stekken. Yn koarte tiid kamen der wenten, winkels, tsjerken en skoallen yn Wieringerwerf. Ek waard in terp tichtby it doarp boud, dêr't men by in eventuele dyktrochbrek hinne flechsje koe. Op 1 july 1941 waard Wieringermar in selsstannige gemeente.

 
De Meander

De earste bewenners fan it polderlân skonken út erkenlikheid op 29 septimber fan itselde jier in tinkteken oan it gemeentebestjoer. Dat stânbyld ('De Meander'), makke troch de Haarlimske byldhouwer Theo van Reijn) stiet op it Ir. Smedingplein yn Wieringerwerf. It hat as opskrift: Hier werd een toekomst geboren, bouwt voort.

Op 17 april 1945 waard de dyk om de Wieringermar troch de Dútsers bombardearre wêrtroch't de polder yn twa dagen tiid ûnder wetter rûn (sjoch ek: ynundaasje). It grutste part fan de ynwenners socht in feilich hinnekommen op it âlde lân, mar in lyts oantal minsken flechte de terp op. Op 11 desimber 1945 wie de polder wer drûchlein en koe Wieringerwerf opnij opboud wurde. In monumint en in wiel jouwe it plak fan de trochbrek oan.

Yn de desennia nei de weropbou hie Wieringerwerf hast oan ien tried wei in groeiend ynwennertal. Der waarden yn de rin fan de jierren ferskate wiken byboud: Planetewyk (1960-1970), Skippewyk (1970-1980), Waadwyk (1980-1990), Easterterp I (1990-2000) en Easterterp II (2000-no).

Ek no wurdt noch altyd gehoar jûn oan it opskrift fan it stânbyld 'De Meander' ; noch altyd komme der wenninningen en bedriuwen by. De ûntwikkeling fan wenwyk 'De Werf' sit yn in einfaze, de grûn op it nije yndustryterrein 'Robbenplaat' is klear om beboud te wurden.

Foarsjennings

bewurkje seksje
 
Roomsk-katolike Kristus Keningtsjerke
 
PKN-tsjerke "De Samenstroom"

Tsjintwurdich leit it foarsjenningennivo, seker yn ferhâlding mei it oantal ynwenners, frijwat heech. Wieringerwerf ferfolt in regiofunksje en hat in flink oantal winkels, wêrfan it grutste part yn it âldste gedielte fan it doarp sit. Ek sit yn Wieringerwerf in grutte skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis (VMBO-havo-vwo), dy't boppedat in soad learlingen lûkt út de omlizzende gemeenten. Neist dizze skoallemienskip hat Wieringerwerf fjouwer basisskoallen, trije tsjerkegebouwen, in grutte sporthal (Suderseehal) mei sportterrein (Tennis, Basketbal, Hânbal), Atletykfjild, in bibleteek, in camping, in oerdekt swimbad (op de terp), in motel, twa restaurants en in pear kafetaria's en kafees en in jongereinsintrum (De Dûkdalf). It doarp hat ek in eigen plysjeburo, brânwarkazerne en ambulânsepost.

Wieringerwerf hat fjouwer bedriuwsterreinen: Wieringerwerf-Súd, Skelphoarst, De Stek en Robbenplaat. Troch de lizzing oan de snelwei A7 en de lege grûnpriis is it foar bedriuwen oantreklik om har yn Wieringerwerf te fêstigjen. Der binne inkele gruttere yndustrygebieten fêstige. Yn Wieringerwerf wurde û.o. cleanroom- en laboratoariumapparatuer, en ferpakkingsmateriaal makke.

Twarres yn it jier wurdt der in merke hâlden, wêrfan dy yn augustus de grutste is. Dizze duorret in wykein en wurdt yn de Brinkstrjitte by de horeka fan Wieringerwerf hâlden. In oantal kear yn it jier wurdt der in nachtmerk hâlden.

In grutter evenement is 'Wieringerwerf op Tsjillen', dat elk jier op de snein nei de TT fan Assen hâlden wurdt. Hjirby wurde troch en foar leafhawwers tige bysûndere motors en auto's tentoansteld yn de winkelstrjitten. Oan de start fan dit evenemint is der foar motorriders in rideout dy't troch de Wieringermar en West-Fryslân giet, wêrnei't besitters fan klassike auto's deselde rûte ôflizze. Dit alles yn gearwurking mei de plysje dy't derfoar soarget dat de dielnimmers feilich en sûnder hinder fan de rûte genietsje kinne. De rideout lûkt altiten in soad taskôgers lâns der rûte.

Der wurdt ek alle jierren in fytsomrin organisearre, De Martour, wêrby't de ferskillende etappes ôflein wurde yn de polder fan de Wieringermar.

 
Kriichsmonumint 1940-1945

Nij yn 2008 is it Sounds of the Hill festival. Dit wurdt organisearre op it rikkeraasjegebiet efterit swimbad De Terp. Inkele grutte artysten kommme hjir optreden foar in publyk fan ± 1.000 minsken. Der stiet ek in winteredysje fan dit evenemint yn de planning.

Inkele kilometers ten noarden fan Wieringerwerf lizze twa bosken. De grutste bosk, de Robbenoardbosk, rint oant it begjin fan de Ofslútdyk, tichtby Den Oever. It is fuort nei de Twadde Wrâldoarloch plante. De Dykgatbosk waard dêrnei plante op it sân dat lizzen bleaun nei de dyktrochbrek. It is yn ferhâlding mei de Robbenoardbosk folle lytser en leit wat súdliker.

Sportferienings

bewurkje seksje
  • Atletykferiening Wieringermar en omkriten
  • Gymnastykferiening Advendo
  • Tennisklup de Maaier
  • Fuotbalferiening DWOW
  • Fuotbalferiening C.V. Wieringermeer
  • Follybalferiening Wieringermeer
  • Basketbalferiening Wiringherlant
  • Balletskoalle Stifting Dancing Feet, Wieringerwerf
  • Kuorbalferiening VIDO
  • Hânbalferiening DWOW

Berne yn Wieringerwerf

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: