Prinses Margriettunnel

De Prinses Margriettunnel is in akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal by Twellingea.

Prinses Margriettunnel

Yn 1976 waard mei de bou fan de tunnel begûn. De tunnelbuis hat in lingte fan 77 meter, in breedte fan 29 meter en in hichte fan 8 meter. De totale lingte op- en ôfritten meirekkene bedraacht 938 meter. Yn 1978 waard de tunnel iepene foar ferkear op de A7 tusken Snits en De Jouwer.

De tunnel is ûnderdiel fan de A7 by Twellingea; justjes besúdeasten Snits. De tunnel is de earste tunnel yn it noarden fan Nederlân.

By it ûntwerp fan de tunnel - wêroan't Rykswettersteat yn 1974 begûn - is rekken holden mei in eventuele ferbreding fan it kanaal yn de takomst. In bysûderheid is dat it tichte tunneldiel boud waard yn ien fan de takomstige ôfritten nei de tunnel. Neidat dy ôfrit ûnder wetter setten wie, waard it tunneldiel op syn plak brocht en yn it kanaal ôfsonken.

Reparaasje Prinses Margriettunnel yn 2023:

bewurkje seksje