Ceresdorp
Ceresdorp is in buorskip yn de gemeente Stedskanaal yn de Grinzer Feankoloanjes yn de provinsje Grinslân. It leit tusken de plakken Stedskanaal en Musselkanaal yn. Ceresdorp heart hjoed-de-dei by de wyk Cereswijk, dat foar in part ûnder Stedskanaal en foar in part ûnder Musselkanaal falt. It Ceresdorp sels falt ûnder de beboude kom fan Musselkanaal. De buorskip hie yn 2019 910 ynwenners[1].
Ceresdorp | ||
Lokaasje Ceresdorp yn de gemeente Stedskanaal | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Stedskanaal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 910 | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 58' NB, 6° 58' EL |
Gebiet
bewurkje seksjeIt gebiet fan Ceresdorp is, troch it karakter fan de lintbebouwing, net mei klam begrinzge. It ynwennertal fan 910 giet om it gebiet tusken de twa bochten yn it Stedskanaal yn. It gebiet fan de wyk Cereswyk is lykwols grutter en hat in ynwennertal fan likernôch 2.500 oant 3.000 ynwenners.
Namme
bewurkje seksjeCeresdorp is neamd nei de Romeinske goadinne fan de lânbou Seares (Latyn en Nederlânsk: Ceres).
Skiednis
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldkriich ûntjoech Stedskanaal himsels tige hurd. Yn 1955 kaam Philips dêr mei in grutte fabryk foar byldbuizen en letter in fabryk foar heallieders op it bedriuweterrein Dideldom lyk benoardwesten Cereswijk. Op syn hichtepunt wurken der wol mear as 3.000 minsken. Yn de fyftiger jierren waard dêrom in arbeiderswyk foar de wurklju fan Philips boud. Dat "fabryksdoarp" krige de namme Ceresdorp. Ek ferkate wurklju fan de glêsfabryk yn Nieuw-Buinen wennen yn Ceresdorp. Yn 2005 en 2006 ferfear Philips stadichoan út Stedskanaal wei.
Foarsjennings
bewurkje seksjeDe wyk Cereswijk hie twa basisskoallen; de iepenbiere basisskoalleDe Badde oan de Schoolstraat en de kristlike basisskoalle De Meander oan de Ceresstraat, dy't yn 2015 sleat.
Ek hat it plak in doarpshûs, De Stobbe, en sportferiening SETA dy't it in ôfdieling foar fuotbal en ien foar gymnastyk hat.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Wettertoer fan Stedskanaal mei dêrnjonken it Streekmuseum Stedskanaal, dy't op it grûngebiet fan de Cereswijk steane.
Ceresmar
bewurkje seksjePhilips hat yn de fyftich jier fan syn oanwêzigens foar in soad wurkgelegenheid yn Stedskanaal soarge. Mar yn de Ceresmar, dat tusken de Cereskaai en de fabriken fan Philips leit, hat Philips jierrenlang ôffal en jiske smiten. Wiidweidich ûndersyk hat sjen litten dat lekkende fetten de boaiem fan de mar en it wetter fersmoargen. Fierder ûndersyk, finansiere troch de gemeente Stedskanaal, it wetterskip Hunze en Aa's en Philips, moat sjen litte wat der skielk mei de mar barre moat.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Stedskanaal | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Kopstukken • Mussel • Musselkanaal • Onstwedde • Stedskanaal • Vledderveen • Zandberg | ||
Buorskippen: Barlage • Blekslage • Braamberg • Ceresdorp • Höchte • Höfte • Holte • Horsten • Oomsberg • Smeerling • Sterenborg • Tange • Ter Maarsch • Ter Wupping • Veenhuizen • Vledderhuizen • Vosseberg • Wessinghuizen | ||
Wetter: A.G. Wildervanckkanaal • Mussel Aa • Mussel-Aa-kanaal • Musselkanaal • Stedskanaal | ||
· · |